Springe nei ynhâld

Skip fan Sinternút

Ut Wikipedy

It Skip fan Sinternút is de Fryske fariant fan it in hiel West- Europa bekende reuseftige seeskip. Dit seeskip is it summum fan ûnmooglikheid. De beskriuwing fan it skip wurdt al neamd yn Amelanner dialekt (1842). Sa soe de ra fan it Skip fan Sinternút sá grut wêze dat:

  • op de grutte ra wol fjouwer herbergen stean kinne;
  • matroazen dy't it boppebramseil fêstmeitsje as âlde mantsjes werom komme
  • 100 seilmakkers oan ien seil wurkje moatte

Troch it lavearjen soenen de Fryske tuorren harren spitsen ferlern hawwe. Ek yn oare gebieten komme farianten fan dit Skip fan Sinternút. Yn Grinslân hjit it Schip van Ternuten of De Almacht en yn Noard-Fryslân Di Mannigfuald. Keunstner Johannes Mulders út Buil makke fan it Skip fan Sinternút in houtfyk, in tekening en in skilderij.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Schip van Sinternút.