Springe nei ynhâld

Skileman

Ut Wikipedy
Skileman yn de Jordaan, Amsterdam yn 1945

De skileman wie yn Nederlân, oant let yn de 20e iuw, ien dy't mei in karre of wein by de streek, as ynstellings (sikehuzen, fersoarginghuzen en sa), lâns gie om ierappelskilen, bôlekoarsten en oare oerbliuwsels fan griente dat as feefretten brûkt wurde, koe ophelle. De skileman wie faak in lytse boer mei mar in pear kij.[1] Minsken bewarren it grienteôffal foar de skileman.[2]

Yn Berlyn waard 1915 it berop fan skileman fanwege de oerheid ynsteld, om it fergriemen fan iten tsjin te gean.[3]

Troch de skaalfergrutting yn de lânbou en it skieden fan ôffal ferwûn de skileman út it strjitbyld. Wilens is der strangere wetjouwing wat hygiëne oanbelanget en mei itensôffal fan partikulieren as ynstellings net mear as bistefoer brûkt wurde.

Yn de 21ste iuw waard der op plakken wer eksperimintearre mei in skileman, mar dan yn it ramt fan it opheljen fan gft-ôffal.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bij de schillenboeren, De Telegraaf, 29 oktober 1927
  2. Wat gij moet weten: vuilnisbak en schillenemmer, Algemeen Handelsblad, 22 oktober 1927
  3. De schillenman aan 't werk, De Tijd, 2 febrewaris 1915