Skieringers
Appearance
De Skieringers wienen in partij yn de 14e en 15e iuw, neamd nei de ‘Skiere muontsen’, de bynamme fan de sistersjenzers yn Fryslân en Grinslân, nei de grize kleur fan harren pijen.
Nei't skynt wienen de Skieringers benammen sterk yn Westergoa en foarstanners fan de frijheid. Se sochten stipe by Jan fan Beieren as fijân fan grevinne Jacoba, by Albrecht fan Saksen omdat hy allinnich tsjin Grins helpe koe. Se bleaunen de Saksyske hartoggen trou en oanfurdigen ek it gesach fan Karel V.
It wurd skieriel stiet foar geslachtsripe iel. Dit wie in bynamme foar de Skieringers.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|