Sjoerd Veltman
Sjoerd Veltman (Drachten, 24 novimber 1877 - Ljouwert, 22 maaie 1952) wie in winkelman, autobusûndernimmer en stifter fan de earste Baptistegemeente yn Drachten.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sjoerd Veltman wie in soan fan keapman Wiggele Veltman en Antje van den Berg. Hy wie winkelman en letter grossier yn griente en fruit.
Al yn 1899 hold er mei syn frou evangelisaasjegearkomsten. Yn 't earstoan yn herbergen en letter ek by minsken thús. Sa ûntstie de Baptistegemeente yn Drachten. Yn 1914 krigen hja har earste gebou, op de hoeke fan de Pier Panderstrjitte en de Suderbuert. Yn 1921 waard it gebou Bethel ('Hûs fan God') oan de Vogelzang yn Drachten yn gebrûk naam. Sjoerd Veltman soe oant 1948 de lieder fan de Drachster Baptistegemeente bleauwe.
Veltman stichte yn 1923 in autobusbedriuw. Fjouris deis waard in rit hinne en wer nei Ljouwert makke. Yn 1929 kaam de tsjinst Drachten - Appelskea dêrby. De NTM naam beide tsjinsten oer yn 1936.
Yn Drachten is de Sjoerd Veltmanstrjitte nei him neamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|