Sixtinus Amama

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Sixtinus Amama

Sixtinus (ab) Amama (Frjentsjer, 13 oktober 1593 - dêre, 9 novimber 1629) wie in Nederlânsk heechlearaar Easterske talen. Hy wie in grut kenner fan it Hebriuwsk en sette him yn foar in goede oersetting fan de bibel yn it Nederlânsk. Hy waard lykwols net belutsen by de Steatefertaling.

Libbensrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sixtinus syn heit Johannes ab Amama wie meardere kearen boargemaster fan Frjentsjer. Hy styudearre sûnt 1610 Easterske talen by Johannes Drusius oan de universiteit yn syn bertestêd. Hy wenne by Drusius yn'e hûs en waard troch him oplaat om syn opfolger te wurden. Yn 1614 studearree hy Arabysk yn Leien en sûnt 1615 folge hy kolleezjes yn Oxford. In jier letter moast hy werom nei Frjentsjer om de ferstoarne Drusius op te folgjen as heechlearaar Easterske talen. Hy waard earst beneamd as bûtengewoan heechlearaar en yn 1618 as gewoan heechlearaar. As learling fan Drusius waard ek hy fertocht fan ûnrjochtsinnichheid mar hy koe de fertinking weinimme. Wol joech hy noch in oantal teksten fan syn learmaster út.

As heechlearaar rekke Amama belutsen by de konflikten tusken de theologen Johannes Maccovius en Sibrandus Lubbertus. Hy keas hjiryn de side fan de lêste, waans lykrede hy ek hâlde yn 1625. Mei de oare heechleararen teology, de puritein Guilielmus Amesius en de op syn eigen advys beneamde Meinardus Schotanus, hâlde hy foar Maccovius oer, op wa't hy yn 1614 noch in Latynsk lofdicht skreaun hie, fêst oan in strang tafersjoch op de studinten. Dit past by sun sympaty foar it wurk fan Willem Teellinck, ien fan de grûnlizzers fan de beweging fan de Neiere Reformaasje. Yn 1626 waard Amama beneamd ta bibletekaris, neidat hy in beneaming ta heechlearaar oan de Leienske universiteit ôfslein hie. Dit betsjutte in gâns heger traktemint. Dochs liet Amama, dy't al langer net rjocht halich wie, by syn ferstjerren yn 1629 syn húshâlding yn relative earmoede efter.

Amama syn opfolger waard Bernardus Fullenius sr.. As bibetekaris waard hy opfolge troch Meinardus Schotanus. Ta syn learlingen hearden de lettere heechleraren teology Johannes Coccejus en Carolus de Maets.

Stúdzje fan it Hebriuwsk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Amama wie fan betinken dat predikanten in goede kennis fan de grûntalen fan de Bibel hawwe moasten. Yn 1624 publisearre hy hjiroer in Cort vertoogh. Yn itselde jier stelden de Provinsjale Steaten fan Fryslân dy kennis ferplicht foar alle proponinten. Ta ûnondersteuning fan syn ûnderwiis bewurke hy net allinnich de besteande Latynstalige grammatika fan it Hebriuwsk fan Petrus Martinius en Johannes Buxtorf, mar joech hy ek yn it Nederlânsk in grammatika fan it Hebriuwsk en in Hebriuesk wurdboek út.

Fan grut belang fûn Amama dat der in suvere oersetting fan de Bibel yn it Nederlânsk kaam. Yn 1623 behannele hy yn syn mânske Bybelsche conferentie de protte flaters yn de Deux-Aesbibel, in oersetting dy't útgie fan de Dútske oersetting troch Maarten Luther. Yn 1625 joech hy in eigen Bibeloersetting út dy't gearstald wie út de oersettings fan Petrus Hackius (it Alde Testamint) en Herman Faukelius (it Nije Testamint). Amama foege oan it Alde Testamint yn de marzje syn eigen oersettings ta. Dy útjefte krige twa werprintingen, oant se yn 1637 ferfongen waard troch de Steatenfertaling. Amama wie net opnomd ûnder de teologen dy't yn opdracht fan de Steaten-Generaal de Bibel yn it Nederlânsk oersette moasten. Mooglik spile de âlde fertinking fan ûnrjochtsinnichheid hjirby noch in rol.

Amama hâlde him lykwols net allinnich dwaande mei de Nederlânske oerseting fan de Bibel. Yn 1620 publisearre hy in krityk op de Vulgaat, dy't in reaksje oprôp fan de bekende Frânse gelearde Marin Mersenne. Hjirop reagearde Amama yn 1627 mei in iepenbiere brief oan Mersenne, wylsst hy zijn krityk op de Vulgaat fierder útwurke yn it yn 1628 ferskynde Anti-Barbarus Biblicus.

Wichtichste publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Censvra Vvlgatae atque à Tridentinis canonizatæ versionis quinque librorum Mosis (Frjentsjer: Frederik Heyns, 1620)
  • Bybelsche conferentie in welcke de Nederlandtsche oversettinghe des Bybels, die eertijts uyt de Hoogduytsche Lutheri int Nederlantsch ghestelt, ende tot noch toe in de Nederl. Kercken ghebruyckt is, van capittel tot capittel aen de Hebreusche waerheyt beproeft ende met de beste oversettinghen vergheleken wort (Amsterdam: Jan Jansz, 1623)
  • Cort vertoogh, waer inne alle ghetrouwe Dienaers ende Opsienders der Ghereformeerde Ghemeynten van Vrieslant worden ghebeden, omme de behulpelijcke handt te bieden tot de hoochnoodige opweckinghe der vervallende studien der heylighe Talen, in welcke de H. Schriftuyre oorrspronckelyck gheschreven is (Frjentsjer: Feddrick Heyns, 1624)
  • Biblia: dat is, De gantsche Heylighe Schriftuere ... (Amsterdam: Hendrick Laurensz, 1625; werprintingen yn 1630 en 1632)
  • De Hebreusche grammatica ofte taal-konst : met verscheydene regulen dienstigh tot grondigh verstand des ouden en nieuwen Testaments, ende verklaringhe van vele duystere plaatsen (Amsterdam: Hendrick Laurensz, 1627)
  • Ebreusch woord-boek. Tot dienste der leergierighe Nederlanders in't Nederlandtsch ghestelt om by de Ebreusche taalkonst te voeghen (Frjentsjer: Ulderick Balck, 1628)
  • Anti-barbarus biblicus in VI libros distributus, quorum primus ostendit VII. Fontes omnis Barbariei quae superioribus seculis sacras literas foedavit. Reliqui V non solum exhibent centurias aliquot crassissimorum errorum, qui circa particularium locurum interpretationem ex istis fontibus emanarunt, sed et compluribus locis Scripturae facem allucent (Frjentsjer: Feddrick Heyns/Amsterdam: Hendrick Laurensz, 1628)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: