Sixma fan Andlastate

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Sixma fan Andlastate

Sixma fan Andlastate, ek Andlastate, Hottingastate en Sixmastate, wie in state fier beëasten Minnertsgea, gemeente It Bilt, oan de Binnemaleane dy't eartiids 'Boskleane' hjitte. Tsjintwurdich steat op it stee in grutte pleats.

De state waard grif bou yn de 15e iuw. Christianus Schotanus skriuwt yn de tekst fan syn "Beschryvinge van de Heerlyckheydt van Frieslandt" yn 1664 hielendal gjin Sixma fan Andlastate, mar op de kaart yn dat selde boek is op dat plak wol in ‘Edele State’ oanjûn, mar mei allinnich de namme "Sixma". Mei dêrtroch en it feit dat de eigeners famylje fan elkoar wienen, hat der noch wolris betizing west oer de bewenners fan dizze state en de flakby lizzende (eigenierde) Sixmastate. De "Tegenwoordige staat van Friesland" fan ± 1780 fermeldt: "Verre in ’t land, nabij ’t Klooster Aanjum, ligt Sixma van Andla State, voorheen een schoon huis en plantagie, doch thans, door ledig staan, grootelijks vervallen".

Om 1500 is Schelte fan Andla eigener fan de state. Guon skriuwers neame him as earste bewenner, mar dêr is gjin bewiis foar. Dêrnei is der sprake fan in Tiallingh fan Andla dy't troud wie mei Doedt fan Andla. Oft Tjalling in soan wie fan Schelte of Doedt in dochter fan him, is net bekend. Harren soan Douwe Tjallings fan Andla, troud mei Bauck Rencksdr. fan Popma, is dêrnei eigener fan de state.

Harren soan Tjalling neamt him Fan Sixma en ek wol Sixma fan Andla. Hy waard yn 1580 grytman fan Barradiel, yn de tiid fan de felle striid tsjin de Spanjert. Foardat hy grytman waard, seach Fan Sixma hiel goed yn dat ‘eendracht macht maakt’ en die wat hy koe om der foar te soargjen dat ek Fryslân him oansluet by de Uny fan Utert (1579). Hy wie in garismatysk man dêr't nei harke waard. Hy waard keazen as folmacht foar de Lândei en waard dykgreve fan it wetterskip ‘de Vijf Deelen’. Hy ferstoar op 1 july 1599. Syn frou Idske fan Hottinga oerlibbe him 20 jier en bleau op de state wenjen. Ut dy tiid komt de beneaming Hottingastate.

17e iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1648 moat hjir Douwe fan Sixma wenne hawwe, want hoewol't hy grytman fan Frjentsjerteradiel wie, stie wol syn namme en dy fan syn frou Sijouck fan Aylva yn de grutte klok fan Minnertsgea. Hy moat hjir destiids wol tsjerkefâd west hawwe of flink ta de ponge west hawwe foar de oanskaf fan dy klok.

In generaasje fierder fine wy Agge fan Sixma, neffens A.D. Wumkes berne yn 1636. Al yn 1648 waard hy grytman fan Barradiel, op 12-jierige leeftiid! Nei alle gedachten kocht syn heit dit amt foar him doe't dy sels grytman fan Frjentsjerteradiel waard. Agge ferliet al jongde âlderlike state, kaam in tiid letter werom út Steinfurt yn Westfalen, studearre yn Frjentsjer, mar siet yn 1658 alwer yn Frankryk, dêr't hy úteinlik doktor yn de beide rjochten waard. Werom op it âlde nêst troude hy mei Cornelia Bezaert út De Haach. Hy ferstoar op 26 juny 1699 en waard yn de nacht fan 7 july begroeven. Dat wie moade yn dy tiid, hoe letter yn de nacht de begraffenis hâlden waard, nammerste heger de status. De klokken lieden yn de stille nacht oant fier yn de omkriten en fan fierrens wie de staasje al te sjen mei kearsen en fakkels.

Hast in iuw letter, yn 1795, komme Bartele Douma fan Sixma en syn frou Fokel fan Beijma fanút Ljouwert noch in skoft op de state wenjen. It hûs is dan al sa jammerdearlik yn ferfal dat syn dagen teld binne. Bartele lit it hûs ôfbrekke en der in grutte pleats foar yn it plak bouwe.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • om 1500 Schelte van Andla
  • Tiallingh van Andla en Doedt van Andla
  • Douwe Tiallinghs van Andla en Bauck Riencksdr. van Popma
  • om 1580 - 1599 Tjalling Douwes van Sixma en Idske van Hottinga
  • 1599 - 1619 Idske van Hottinga
  • 1648 Douwe fan Sixma
  • Agge Sixma fan Andla
  • 1795 - ? Bartele Douma fan Sixma, lit state ferfange troch pleats
  • 1948 Jan Heeringa

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • "Beschryvinge van de Heerlyckheydt van Frieslandt" door Chr. Schotanus (1664)
  • "Tegenwoordige staat van Friesland" ± 1780
  • "De historie gaat door het eigen dorp" fan A. Algra (1955-1960)
  • "Om toer en tsjerke fan Minnertsgea" fan A.D. Wumkes
  • "Minnertsgea" fan P.B. Winsemius
  • Website gan Tresoar
  • Genealogyën fan André A. Buwalda