Sito Wijngaarden

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Sito Wijngaarden (Sint-Jabik, 1979) is in Frysk dichter, redakteur en meiwurker marketing.

Nei in stúdzje Kultureel Maatskiplike Foarming folge er in stúdzje Frysk oan de NHL Hegeskoalle yn Ljouwert. Publisearre yn Hjir, Farsk en de Moanne. Dêrby waarden letter inkelde gedichten opnommen yn blomlêzings lykas: Droom in blauwe regenjas, Het goud op de weg en de twadde edysje fan de Spiegel van de Friese poëzie.

Wijngaarden wie part fan de redaksje fan it tydskrift Hjir en it ynternettydskrift Doar. Yn 2003 wûn Wijngaarden de Rely Jorritsmapriis mei it gedicht Lânskip hjerst.

Mei’t er binnen syn baan by de Afûk in sit naam yn de redaksje fan de Moanne, ferliet er ein 2009 de redaksje fan Ensafh. Neist it redakteurskip foar de Moanne, wurket er foar de Afûk mei oan ferskate projekten en makket diel út fan it marketingteam binnen de Afûk.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: