Springe nei ynhâld

Sintraal Buro foar de Statistyk

Ut Wikipedy
Sintraal Buro foar de Statistyk
Centraal Bureau voor de Statistiek
It kantoar fan it CBS yn Hearlen.
It kantoar fan it CBS yn Hearlen.
algemiene ynformaasje
namme folút Centraal Bureau voor de Statistiek
ôfkoarting CBS
lân Nederlân
haadkertier Hearlen (Limburch)
oprjochte 1899
falt ûnder – (selssannich bestjoersorgaan)
fuortk. út Sintrale Kommisje foar de Statisyk
doel statistysk ûndersyk
wurknimmers 2.400 (2010)
offisjele webside
www.cbs.nl

It Sintraal Buro foar de Statistyk (Nederlânsk: Centraal Bureau voor de Statistiek), gauris ôfkoarte ta CBS, is in ynstelling fan 'e Nederlânske oerheid dy't him taleit op it sammeljen, ferwurkjen en publisearjen fan statististyske gegevens foar de oerheid, de wittenskip en it bedriuwslibben. It CBS is fêstige yn it Limburchske Hearlen en yn Leiskenfean en bestiet sûnt 1899.

It CBS is de opfolger fan 'e eardere Sintrale Kommisje foar de Statistyk (CCS), dy't op 6 oktober 1892 ynsteld waard. De reden foar de oprjochting fan sa'n organisaasje moat socht wurde yn 'e politike striid dy't yn it lêste fearn fan 'e njoggentjinde iuw yn Nederlân fierd waard op it mêd fan maatskiplike kwestjes, eat dat ek ferbân hold mei de opkomst fan it sosjalisme.

Yn dat ramt wie it de taak fan 'e CCS om relevante statistiken te leverjen dy't de ûnderskate bewearings fan politisy oangeande sosjale fraachstikken befêstigje of ûntkrêftsje soene. De statistyk waard dêrtroch in ynstrumint dat de moderne staat brûkte om stjoering te jaan oan 'e maatskippij, troch in solide, want op feiten basearre, grûnslach foar regearingsbelied te skeppen.

It gebou fan it CBS yn Leiskenfean.

Doe't it wurk op 't lêst in kommisje boppe de macht gie, waard dêrom op 9 jannewaris 1899 it CBS oprjochte as in profesjoneel wurkburo mei in eigen (sij it lytse) wittenskiplike stêf. De CCS, dy't ek noch altyd bestiet, behold it tafersjoch oer it CBS en funksjonearret tsjintwurdich as in ûnôfhinklike hiemhûnynstânsje dy't wekket oer de ûnôfhinklikens, ûnpartijigens, relevânsje, kwaliteit en kontinuïteit fan it statistyske programma fan it CBS.

Tsjintwurdige sitewaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It takepakket fan it CBS omfiemet it gearbringen, bewurkjen en publisearjen fan betroubere en mei-inoar ferbân hâldende statistyske ynformaasje dy't ynspilet op it ferlet fan 'e Nederlânske maatskippij. It buro is ferantwurdlik foar de produksje fan alle offisjele nasjonale statistiken oangeande Nederlân sels (sûnt oktober 2010 Karibysk Nederlân ynbegrepen) en fan 'e saneamde kommunautêre statistiken fan 'e Jeropeeske Uny dy't Nederlân ta ûnderwerp hawwe.

De wetlike basis foar it CBS is de Wet op it Sintraal Buro foar de Statistyk, dy't datearret fan 20 novimber 2003 (Steatsblêd 2003, 516). Sûnt 3 jannewaris 2004 is it CBS in selsstannich bestjoersorgaan (zbo), wêrfan't it budget ôfkomstich is út 'e ryksbegrutting. De ynformaasje dy't it CBS publisearret, omfettet in protte maatskiplike aspekten, fan makro-ekonomyske yndikators, lykas ekonomyske groei en konsuminteprizen, oant mikro-ekonomyske saken, lykas de ynkommenssitewaasje fan minsken en hûshâldings.

It ûndersyksprogramma fan it CBS wurdt fêststeld troch de CCS; it buro beslist dus net sels oer wêr't it ûndersyk nei docht. Yn 2010 hie it CBS 2.400 meiwurkers (ynkl. foltiders en dieltiders), dy't ferdield wiene oer de beide fêstigings yn Hearlen en Leiskenfean. It buro jout op jierbasis sa'n 3.000 publikaasjes út, dy't útinoar rinne fan parseberjochten en tabellen oant boeken. De webside fan it CBS wurdt jiers hast 5 miljoen kear besocht.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.