Springe nei ynhâld

Sint-Nikolaasfloed

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sint Nikolaasfloed)

By de Sint-Nikolaasfloed yn desimber 1196 waarden, krektas by Alderheljenfloed (1170), grutte dielen fan Noard-Nederlân en it Suderseegebiet oerstreamd. Dêr't de stoarmfloed fan 1170 in begjin makke mei it weislaan fan grutte feangebieten, ferslimme dizze stoarm de ôfslach. It resultaat fan dizze staorm wie in ôfslach fan de feangebieten yn West-Fryslân en in fergrutting fan de Waadsee en de Almere of de Sudersee. De gebieten ten noarden fan de, mei de Sint-Tomasfloed (1163) tichtslibbe, Alde Ryn komme fia it Spaarne en de, doe noch lytse, Haarlimmermar ûnder ynfloed fan de see te lizzen. Dizze oerlêst hat fan gefolgen dat in oantal gebieten de wetteroerlêst mienskiplik oanpakt. Sa feroarje se ûnder oare de streamrjochting fan de rivieren Does en Syl, sadat dizzen nei it noarden, nei de Sudersee ôfstreame.

Meidat de Almere hielendal mei de Noardsee yn ferbining komt te stean, en de ôfstreaming fan rivierwetter dêrtroch ferbettert, sakket it wetterpeil fan dit mar inkele desimeters. Wol komt de Almere of Sudersee ûnder ynfloed te stean fan eb en floed. Gefolch fan dit legere wetterpeil is dat yn Hollân lossing fan polderwetter by eb mooglik wurdt. De ûntginning fan de feangebieten yn Hollân wurdt hjirtroch nij libben ynblaasd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: