Springe nei ynhâld

Sint-Tomasfloed (1163)

Ut Wikipedy

De Sint-Tomasfloed wie in stoarmfloed yn 1163 dy't benammen Hollân rekke, dat yn dat jier al ferskate kearen mei oerstreamings te krijen hie. Dat hie it brekken fan diken oan de Maas fan gefolgen.

De stoarmfloed hie fan gefolch dat de mûning fan de Alde Ryn ûnder Katwyk, dy't al hast fersâne wie, tichtsmiten waard. De dyktrochbrekken mei de stoarmfloed fan 21 desimber 1163 feroarsaken nammentlik in grut transport fan grûn fan it gebiet by de dyktrochbrek wei it lân yn. Dat sedimint besonk foaral yn de ûndjippere parten dêr't it wetter stadich streamde. Ien fan de dy ûndjippe plakken wie by de mûning fan de Alde Ryn.

Wichtich gefolch fan dy blokkade fan de mûning fan de Alde Ryn wie, dat de Ryn syn wetter net mear kwyt koe op de Noardsee. Dêrtroch rûnen de polders yn Hollân ien foar ien ûnder wetter. Under lieding fan greve Floaris III waard yn 1165, sûnder de vooraankondiging , de Alde Ryn by Zwammerdam ôfdamme en hie fan dat stuit ôf ek Utert mei wetteroerlêst te krijen, dat ta in koarte oarloch tusken Utert en Hollân late. Om 1200 waard in nije ôfwettering groeven fia de Haarlimmermar nei it noarden en waard it wetterprobleem foar altyd oplost.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • J. Buisman en A.F.V. van Engelen, Duizend jaar weer, wind en water in de lage landen, diel 1 oant 1300, 2000. Utjouwerij Van Wijnen, ISBN 90-5194-075-0