Springe nei ynhâld

Sint-Marten (eilân)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sint Marten (eilân))
St. Marten
Lizzing fan Sint-Marten

Sint-Marten (Nederlânsk: Sint-Maarten, Frânsk: Saint-Martin) is in eilân yn de Karibyske See, ien fan de Lytse Antillen, neamd nei Martinus fan Toers. It súdlike part fan it eilân is it lân Sint-Marten, it noardlike part is de Frânske oerseeske mienskip Frânsk Sint-Marten.

It eilân leit sa'n 300 kilometer beëasten Porto Riko en 240 km benoarden Gûadelûp. Krekt noardlik fan Sint-Marten leit Angila, oare kant it Sint-Martenskanaal.