Sint-Fransiskustsjerke (Wolvegea)
Sint-Fransiskustsjerke (Wolvegea) | ||
Fransiskustsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Weststellingwerf | |
plak | Wolvegea | |
adres | Lycklamawei 8 | |
koördinaten | 52° 52' N 6° 0' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Grins-Ljouwert | |
patroanhillige | Fransiskus fan Assisy | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Pierre Cuypers Jr. | |
boujier | 1937-1938 | |
boustyl | Neogotyk | |
Webside | ||
Petrus- en Paulusparochy | ||
Kaart | ||
De Sint-Fransiskustsjerke yn Wolvegea is in katolyk tsjerkegebou út 1939. De Fransiskustsjerke is sûnt 2014 ien fan 'e tsjerken fan 'e Petrus- en Paulusparochy.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de reformaasje waard op 'e stins fan 'e famylje Terwisscha yn Teridzert temûk missen opdroegen. Yn 1745 folge de bou fan in tsjerke yn Aldeholtpea. Om't de preesters Fransiskanen wiene, waard de tsjerke wijd oan de hillige Fransiskus fan Assisy.
Nei de ynstallaasje fan pastoar Lucas Mulder waard neffens in ûntwerp fan de arsjitekt Hendricus Johannes Wennekers útein set mei de bou fan in nije neogoatyske tsjerke en pastorije. De earste misse waard dêr op 13 oktober 1861 opgedroegen. Dy tsjerke moast fanwegen brekfalligens ferfongen wurde troch in nij tsjerkegebou fan Wolter te Riele (1867-1937). De tsjerke waard op 21 april 1914 ynwijd.
Yn 'e jierren 1930 wie dy tsjerke al wer te lyts woarn en yn 1937 waard besletten de tsjerke mei behâld fan de toer te ferfangen. Foar de tsjerke tekene Pierre Cuypers jr. foar it ûntwerp. De tsjerke waard yn 1938 foltôge.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel fan de firma E.F. Walcker & Cie út 1983 waard yn 2000 troch de firma Steendam ynnommen, dy't it piipwurk foar in nij oargel brûkte foar de Grifformearde Gemeente fan Terneuzen.
Yn 2020 krige de Fransiskustsjerke in nij oargel. It oargel is in histoarysk ynstrumint dat ôfkomstich is út de Grifformearde tsjerke fan Koerherne (Grinslân). It twamanualige oargel waard yn 1860 yn Dunstable boud troch Samual Atterton. De grifformearden fan Kuorhinne kochten it oargel yn 'e jierren 1980 oan. Op 4 novimber 2019 sette Van der Putten út Wynskoat útein mei de bou fan it oargel yn 'e Sint-Fransiskustsjerke.[1]
Oars
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it tsjerkhôf efter de tsjerke stiet in neogoatyske kapel.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Haadalter
-
Kapel
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|