Sint-Vladimirkatedraal (Lûhansk)
Sint-Vladimirkatedraal | ||
Lokaasje | ||
lân | Oekraïne | |
oblast | Lûhansk | |
plak | Lûhansk | |
koördinaten | 48° 33' N 39° 21' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patriarchaat | Moskou | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1995-2006 | |
boustyl | Russysk-byzantynske arsjitektuer | |
Webside | ||
Side fan de katedraal | ||
Kaart | ||
De Vladimirkatedraal (Oekraynsk: Володимирський собор; Russysk: Свято-Владимирский собор) is in otterdokse katedraal yn Lûhansk yn Oekraïne. It is it grutste tsjerkegebou yn it súdeasten fan Oekraïne. Yn 'e katedraal is plak foar sa'n 3.000 parochianen. By de katedraal is it Teologyske Seminaarje fan Lûgansk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De katedraal hat in krúsfoarmich grûnflak en mjit 51 meter by 44 meter. De hichte ynklusyf it 9 meter hege krús op 'e grutste koepel is 65 meter. Mei-inoar hat de katedraal 15 koepels fan ferskillende maten.
De tariedings foar de bou setten yn 1995 útein. Yn septimber 2003 wie it safier dat de bou foltôge waard en de wijde koepels op 'e tsjerke set wurde koene. Yn maart 2006 wie mei it lizzen fan de graniten flier it ynterieur ek fierweihinne klear, sadat yn dy moanne de katedraal ynwijd wurde koe troch Volodymyr, de metropolyt fan Kiëv en hiel Oekraïne.
Sûnt 2005 is oan de katedraal in oan de aartsingel Michael wijd teologysk seminaarje ferbûn.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|