Lûhansk

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Lûhansk
Luhansk-Ukraine-map.png
Flagge Wapen
Flag of Luhansk.svg Coat of arms of Luhansk.svg
Sifers
Ynwennertal 403.938 (2019)
Oerflak 286 km²
Befolkingstichtens 1.411 / km²
Hichte 78 m
Polityk
Lân Flag of Ukraine.svg Oekraïne
Oblast Flag of Luhansk Oblast.svg Lûhansk
Oar
Stifting 1795
Tiidsône EET (UTC+2)
Simmertiid (UTC+3)
Webside Side fan de stêd

Lûhansk (Russysk: Луганск, tr. Lûgansk; Oekraynsk: Луганськ, tr. Lûhansk) is in stêd oan de rivier de Lûhan yn it easten fan de Oekraïne, tichteby de grins fan Ruslân. Yn 2019 telde de stêd 403.938 ynwenners. Offisjeel heart de stêd by de Oekraïne, mar feitlik is it de haadstêd fan de Folksrepublyk Lûgansk, dy't ynternasjonaal (noch) net erkend wurdt.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1795 joech Katarina II tastimming oan de Brit Charles Gascoigne om in fabryk te stiftjen, wêrfan't de earste heechoven op 4 novimber 1800 yn wurking steld waard. It fabryk wie yn 1812 in wichtich produsint fan wapens en munysje foar it Russyske leger, dat it lân ferdigenje moast tsjin de troepen fan Napoleon.

Lûhansk krige yn 1882 de status fan stêd.

Lokomotyf yn Lûgansk

Op 3 maaie 1896 stifte Gustav Hartmann de Russyske Masineboumaatskippij Hartmann yn Lûgansk. De stêd ûntjoech him ta in wichtich yndustrieel sintrum foar swiere masines en de bou fan lokomotiven.

Nei de Russyske Revolúsje waard Lûhansk haadstêd fan de Sovjetrepublyk Donetsk-Krivoj Rog. De stêd krige yn 1934 in tramnet en in jier letter de nije namme Vorosjilovgrad, nei de polititus Kliment Vorosjilov dy't yn de omkriten fan de stêd berne wie. Tusken 14 july 1942 oant 14 febrewaris 1943 besetten de Dútsers de stêd. Nei it befrijen fan de stêd troch it Reade Leger wiene der twa kampen foar Dútske kriichsfinzenen (kamp 144 (oant 1954) en kamp 474 (oant 1949).

Yn 2014 ûnstiene der pro-Russyske protesten. De demonstranten easken in referindum neffens it foarbyld op De Krim. Der ûntstie opskuor tusken de plysje en aktivisten nei't in pro-Russysk tintekamp op it sintrale plein fan de stêd ferwidere waard. Op 14 july 2014 waard in gefjochtsfleantúch fan de Oekraynske loftmacht by it oanfleanen op de loftbasis fan Lûhansk troch in raket delsketten.[1]

Sûnt 2014 is stêd ûnder kontrole fan de ynternasjonaal net-erkende Folksrepublyk Lûgansk. Neffens it oekraynske regear falt de stêd ûnder it gebiet dêr't de organen fan de steat it foech net útoefenje kinne.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de oekraynske folkstelling fan 2001 neamde 49,6% fan de befolking harren etnyske Oekraïners en 47% harren etnyske Russen. De memmetaal wie lykwols foar 85,3% Russysk, wylst 13,7% it Oekraynsk neamde as memmetaal. Fierder wiene der lytsere groepen dy't Armeensk (02,%) en Wytrussysk (0,1%) praten.

Untwikkeling befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1897 1923 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2001 2016
20.404 43.966 71.006 214.607 274.520 382.774 463.047 496.813 463.097 414.509

Boarne: [2]

Sport[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lokale fuotbalferiening Sorja Lûhansk wie yn 1972 kampioen fan de Sovjet-Uny. De fuotbalploech spilet op it heechste nivo mar moast fanwegen de krisis útwike nei Zaporizja.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Donezk