Springe nei ynhâld

Sint-Simeontsjerke (Famagusta)

Ut Wikipedy
Sint-Simeontsjerke

De Sint-Simeontsjerke (Agios Simeon) is ien fan 'e trije Byzantynske tsjerken fan 'e stêd Famagusta op it eilân Syprus. De Simeontsjerke waard nei alle gedachten healwei de 12e iuw boud, doe't it Byzantynske bewâld op Syprus tsjin 'e ein rûn en is foar in part bewarre bleaun. De trije Byzantynske tsjerken steane tichteby inoar en allegear yn 'e súdeastlike hoeke fan it histoaryske sintrum fan Famagusta. Tsjin de noardlike muorre fan 'e Simeontsjerke stiet de folle gruttere Sint-Joaristsjerke.

De tsjerke fanút it west.

Oannommen wurdt dat de tsjerke noch in skoft katedraal west hat, doe't de ynwenners fan Salamis ferhûzen nei Famagusta. Der wurdt sein dat Sint-Epifanios, de otterdokse biskop fan Salamir, yn 'e Simeontsjerke byset waard, mar datselde wurdt ek oer de Epifaniosbasilyk yn Salamis sein.

De twaskippige Simeonkatedraal wie krúsfoarmich en hie in koepel. Elts skip waard ôfsletten mei in healrûne apsis.

Mei't de hearen fan Lusignan it eilân yn 1191 yn besit namen, bouden dy foar de katoliken gruttere tsjerken. De otterdoksen woene doe net efter bliuwe en bouden ek gruttere tsjerken. Sa waard njonken de Sint-Simeontsjerke in nije, gruttere tsjerke boud, de Sint-Joaristsjerke dy't sûnt de funksje fan katedraal oernaam.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: