Sint-Sarkiskatedraal (Teheran)
Sint-Sarkiskatedraal Սուրբ Սարգիս մայր տաճար | ||
Lokaasje | ||
lân | Iran | |
plak | Teheran | |
koördinaten | 35°42'N 51°24'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Armeensk-Apostoalyske Tsjerke | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1964-1970 | |
Kaart | ||
De Sint-Sarkiskatedraal (Armeensk: Սուրբ Սարգիս մայր տաճար Soerb Sarkis majr tatsjar, Perzysk: کلیسای سرکیس مقدس) is in Armeensk-apostoalyks tsjerkegebou yn Teheran, Iran. De katedraal waard yn 1970 foltôge en ferneamd nei de Armeenske hillige Sint-Sarkis. It is de katedraal fan it Armeenske bisdom fan Teheran en ien fan 'e trije Armeenske bisdommen yn Iran.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt de foltôging fan 'e Mem Godstsjerke yn it sintrum fan Teheran yn 1945 hie de prelatuer fan 'e Armeensk-Apostoalyske Tsjerke yn Teheran syn plak yn 'e romten fan dy tsjerke. Oan it begjin fan 'e jierren 1960 waard besletten in nij plak foar de prelatuer te sykjen. De tsjerke krige by de plannen help fan de Armeenjer Markar Sarkissjan. Doe't dy lykwols gaueftich ferstoar bleaune syn beide soannen it bouprojekt finansjeel stypjen om sa harren âlden te betinken. Sa koe it boukomitee fan 'e tsjerke in stik grûn oankeapje oan 'e doedestiidske Villa-strjitte (de tsjintwurdige Nejatollahi-strjitte). De bou fan 'e Sint-Sarkistsjerke sette yn 1964 útein ûnder it foar minderheden noch tolerante bewâld fan sjah Mohammad Reza Pahlavi en waard yn 1970 foltôge. In renovaasje fan 'e tsjerke fûn yn it jier 2000 plak.
Yn 2006 liet Hrair Hagopjan ta neitins fan syn ferstoarne frou Vartoohi Davidjan it doopbekken fan 'e tsjerke renovearje.
Alle jierren fynt yn en om 'e tsjerke op 24 april in plechtichheid plak om de slachtoffers fan 'e genoside op de Armeenjers te betinken, dêr't op 24 april 1915 mei begûn waard.
Arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De katedraal is de grutste tsjerke yn Teheran en hat in lingte fan 36,5 en in breedte fan 17,8 meter. Oan wjerskanten fan it portaal steane twa klokketuorren. It is in ienskippich gebou fan beton, wêrfan't de bûten- en binnenmuorren en de flier mei wyt moarmer belein binne. Oarspronklik hie de tsjerke gjin pylders om de seishoekige koepel te dragen, mar de muorren koene de koepel net drage en doe't de koepel drige yn te stoarten binne der fjouwer dragende pylders tafoege. De tsjerke hat in kreake foar it tsjerkekoar.
Lykas by oare Armeenske tsjerken stiet it alter yn in healrûne apsis oan 'e eastlike kant. Oan beide kanten fan it alter binne kapellen mei sydyngongen. De muorrebeskilderings oan beide kanten fan en boppe it alter litte Nij-Testamintyske foarstellings sjen: Marije mei Bern, de himelfeart fan Jezus, Jehannes de Doper dy't Jezus doopt en de krusiging.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Saint Sarkis Cathedral, Tehran
|