Sint-Panteleimonkatedraal (Kiëv)
Sint-Pantaléonkatedraal | ||
Lokaasje | ||
lân | Oekraïne | |
oblast | Kiëv | |
plak | Kiëv | |
adres | Akademika Lebedjeva-strjitte, 23 | |
koördinaten | 50° 20' N 30° 29' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patriarchaat | Moskou | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | J.F. Jermakov | |
boujier | 1905-1912 | |
boustyl | Neobyzantynske styl | |
Webside | ||
Side fan it kleaster | ||
Kaart | ||
De Sint-Pantaleonkatedraal (Oekraynsk: Пантелеймонівський собор; Pantelejmonski sobor) is in katedraal fan 'e Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke fan it Moskouse patriargaat (eparchy Kiëv) en de katolikon fan it kleaster mei deselde namme yn 'e oekraynske haadstêd Kiëv.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De yn it tiidrek fan 1905 oant 1912 troch arsjitekt Jevgeni Fedorovitsj Jermakov (1968-1914) boude monumintale katedraal wurdt as in hichtepunt fan 'e neobyzantynske arsjitektuer beskôge en waard yn 1914 plechtich ynwijd.
De katedraal waard yn 1920 troch de bolsjewiken sletten en plondere. Yn 'e Twadde Wrâldkriich kaam de katedraal as strategysk militêr punt yn 1941 yn de ferdigeningsliny fan 'e stêd te lizzen. Fan gefolgen waard de katedraal troffen troch in swiere mortieroanfal. Dêrtroch en troch de anty-religieuze hâlding fan 'e Sovjet-autoriteiten bleau de katedraal oant yn 'e jierren 1990 yn in jammerdearlike steat. Nei de oarloch tsjinne de romte fan de katedraal om wittenskiplike eksperiminten út te fieren troch de Akademy fan Wittenskippen fan Oekraïne.
Op 7 maaie 1990 waard de doe koepelleaze katedraal oan de Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke werom jûn en sette in restauraasje en rekonstruksje útein. De katedraal waard yn 1998 troch de metropoltyt Volodymyr fan Kiëv en hiel Oekraïne op 'e nij oan 'e hillige Pantaléon wijd. Yn 2002 waard troch de Hillige Synoade besletten dat it de katedraal waard fan in selsstannich nonnenkleaster.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pantaleonkatedraal, Kiëv fan Wikimedia Commons. |