Springe nei ynhâld

Lala Mustafa Pasja-moskee

Ut Wikipedy
Lala Mustafa Pasja-moskee
Lala Mustafa Paşa Camii
lokaasje
lân de jure Syprus
de fakto: Noard-Syprus
distrikt de jure: Famagusta
de facto Gazimağusa
plak Famagusta
koördinaten 35°7 N, 33°56 'E
arsjitektuer
styl gotyk
boujier 1298-1400
Kaart
Lala Mustafa Pasja-moskee (Syprus)
Lala Mustafa Pasja-moskee

De Lala Mustafa Pasja-moskee (Turksk: Lala Mustafa Paşa Camii) yn Famagusta op it eilân Syprus is it grutste midsiuwske gebou fan Famagusta. Oarspronklik is de moskee dúdlik in katolike katedraal, dy't nei de bou oan Nikolaas fan Myra wijd waard. Doe't de Ottomanen yn 1571 de stêd feroveren, waard de katedraal yn in moskee feroare en dat bleau it gebou oant de dei fan hjoed.

De earste stien foar de katedraal waard op 1298 lein en yn 1328 waard de katedraal ynwijd. Nei de oermastering fan 'e stêd joegen de Turken de moskee de namme Ayasofia (Sint-Sofia), mar sûnt 1954 is de moskee ferneamd nei Lala Mustafa Pasja, de grutfizier fan Murat III, dy't de Ottomaanske troepen liede by de oermastering fan it eilân op de Fenesianen.

Ynskripsje út 1311.

Fan 1192 oant 1489 hearske de Frânske Lusignan-dynasty as keningen fan Syprus en it is oan har te tankjen dat der op Syprus in goatyske katedraal boud waard neffens de lêste moade. In ynskripsje op in steunbear njonken de súdlike doar fermeld hoe fier de bou yn 1311 eine wie. Yn 'e katedraal soene de Lusignans ta keningen fan Jeruzalim salve wurde, nei 't hja earder yn 'e katedraal fan Nikosia (no de Selimiye-moskee) ta kening fan Syprus kroand wiene, ek al wie Jeruzalim doe al yn islamityske hannen.

De katedraal waard yn 'e rayonante gotyk boud, in styl dy't yn syn suvere foarm bûten Frankryk net in soad foarkomt. De histoaryske bân tusken Frankryk en Syprus docht ek bliken troch de oerienkomsten fan it bouwurk mei de katedraal fan Reims en dêrfandinne is it gebou ek wol 'it Reims fan Syprus' neamd.

Earne nei 1480 waard de Loggia Bembo oan 'e súdwestlike hoeke tafoege, dy't arsjitektoanysk ôfwykt fan 'e katedraal. De assosiaasje mei de famylje Bembo, fan wa't guon belangrike posysje op Syprus ynnamen, is te sjen oan harren heraldyske symboalen op it gebou. Om de loggia moaie te meitsjen binne antike moarmeren boufragminten (mooglik út Salamis) as sitplakken oan wjerskanten fan 'e tagong delset.

De Sint-Nikolaaskatedraal stie fierder net in soad model foar oare gebouwen op Syprus, foar safier dat nei te gean is op basis fan 'e oerbleaune gebouwen út it tiidrek fan 'e Lusignans. Yn 'e 19e iuw waard it westlike portaal en oare details streekrjocht oernommen by de bou fan 'e otterdokse tsjerke yn Lysi.

Ynterieur.

Doe't de Ottomanen de Fenesianen ferdreaune en it eilân oermasteren, waard de katedraal ta in moskee ferboud. Alle kristlike symboalen en krusen, de bylden, de glês-yn-leadramen, fresko's en skilderijen waarden ferwidere of oerpleistere, lykas ek de grêfmonuminten en de altaren, al binne der noch altiten in pear grêven te finen yn it noardlike skip. De goatyske arsjitektuer bleau lykwols bewarre. De boppeste dielen fan 'e twa tuorren rekken skansearre by de Ottomaanske bombardeminten op 'e stêd en binne nea reparearre. De Nikolaaskatedraal waard tenei de Ayasofia-moskee fan Mağusa.

De moskee waard yn 1954 nei de kommandant fan 'e Ottomaanske oermastering omdoopt ta de Lala Mustafa Pasja-moskee. Lala Mustafa wie wreed ferneamd fanwegen de grouwélige tamtaasjes fan Marco Antonio Bragadin, de Fenesiaanske ferdigener fan it fort fan 'e stêd. Bragadin joech de stêd nei in belis fan 10 moannen lang om let oer. Al dy tiid hiene 6.000 kristlike ferdigeners in leger fan mear as 100.000 Ottomaanske Turken opkeard. Nei 't Marco Antonio Bragadin dagenlang op in alderheislikste manier martele waard, fûn er syn dea troch't de Ottomanen him libben strûpten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: