Springe nei ynhâld

Sint-Martinustsjerke (Utert)

Ut Wikipedy
Sint-Martinustsjerke
Lokaasje
lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Utert
plak Utert
adres Oudegracht 403
koördinaten 52° 4' N 5° 7' E
Tsjerklike gegevens
status Sûnt 1974 ûntwijd
ferboud ta apparteminten
Arsjitektuer
arsjitekt Alfred Tepe
boujier 1899-1901
boustyl Neogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 36590
Kaart
Sint-Martinustsjerke (Utert-Binnenstêd)
Sint-Martinustsjerke

De Sint-Martinustsjerke is in earder tsjerkegebou oan de Oudegracht yn 'e súdlike binnenstêd fan Utert. De tsjerke waard yn 'e jierren 1899-1901 troch arsjitekt Alfred Tepe yn neogoatyske styl boud en ferfong doe in skûltsjerke út 1753 op itselde plak.

Oarspronklik ynterieur

De tsjerke waard yn 1974 sletten fanwegen it tebekrinnen fan it tal minsken dat nei tsjerke gie. Tusken 1988 en 1992 waard de tsjerke troch arsjitekt Dolf de Maar ferboud ta apparteminten. In part fan it neogoatyske ynterieur ferhûze nei de Sint-Antonius Abttsjerke yn Loo, dy't ek troch Tepe ûntwurpen wie. It neogoatyske Mengelbergaltaar ferhûze yn 1979 nei de roomsk Sint-Joaristsjerke fan Eindhoven, it folksalter krige in nij plak yn 'e kapel fan it Ariënskonvikt en de brânskildere ramen gyngen nei de Sint-Martinustsjerke fan Makkum.

Foar de tsjerke stiet op it plein in grut byld fan Sint-Marten op it hynder, de patroanhillige fan 'e tsjerke. It byld is in ûntwerp fan Albert Termote en waard dêr yn 1948 delset. Oan it plein stiet ek de eardere pastorije fan 'e tsjerke, mei rjochts in oerdekt fytsehok út 1948.

It oargel fan 'e Martinustsjerke wie yn 1852 troch Pieter Maarschalkerweerd yn 'e skûltsjerke as galerijoargel boud. Michaël Maarschalkerweerd boude it oargel wer yn 'e nij neogoatyske Martinustsjerke fan Tepe op en wreide it wat letter yn 1924 en 1951 út. Mei't de Martinustsjerke sletten waard ferhûze it oargel nei de Grifformearde Tsjerke-frijmakke De Vaste Burcht yn Gouda. Dêr kaam it yn in nije oargelkas op de grûn te stean.

De tsjerke wie oan it begjin fan 'e jierren 1980 regelmjittich yn útstjoerings fan Kees van Kooten en Wim de Bie as de Sint-Jodokustsjerke yn it fiktive plakje Juinen te sjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: