Sint-Martinustsjerke (Oberwalluf)
Sint-Martinustsjerke
St. Martin | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
regio | Hessen | |
lânkring | Rheingau-Taunus-Kreis | |
plak | Oberwalluf | |
adres | St. Elisabethenstraße | |
koördinaten | 50° 2' N 8° 8' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1900-1910 | |
boustyl | koer: goatysk tsjerke: neogoatysk | |
monumintale status | Kulturdenkmal | |
Webside | ||
peterundpaul-rheingau.de | ||
Kaart | ||
De Sint-Martinustsjerke (Dútsk: St. Martin) is in neogoatyske, roomsk-katolyke parochytsjerke yn Oberwalluf yn 'e Dútske krite Ryngoa, Hessen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It tsjerkeskip waard yn 'e jierren 1900-1901 boud, mar it koer is âlder en letgoatysk.
De komplete ynrjochting waard yn 1903 troch de keunstner Hans Steinlein (1872-1958) levere.
Yn 'e tsjerke wurdt in weardefol relyk bewarre. It Elisabethalter bewarret it boetekleed fan 'e hillige Elisabeth fan Thüringen. Neffens in oerlevering hat Fransiskus fan Assisi it boetekleed skonken, doe't hja har by syn oarder joech. It krap fallende stik klean is fan donkere, grouwe wol. Om 1237 hinne krige it kleaster Tiefenthal it yn besit en yn 1803 waard it oan 'e tsjerke fan Oberwalluf jûn, doe't it kleaster slachtoffer fan de sekularisaasje waard.
Op 'e snein nei de Elisabeth-dei (17 novimber) wurdt de skryn mei it boetekleed iepene en in plechtichheid fierd.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.
|