Sint-Martinustsjerke (Grins)
Sint-Martinustsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
plak | Grins | |
adres | Oude Kijk in 't Jatstraat - Broerstraat | |
koördinaten | 53° 13' N 6° 33' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Grins | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Pierre Cuypers | |
boujier | 1895 | |
sloopjier | 1982 | |
boustyl | neogotyk | |
Kaart | ||
De 'Sint-Martinustsjerke wie in tsjerkegebou yn Grins. De tsjerke waard yn 1895 boud op it plak fan 'e midsiuwske Broertsjerke, foar it Akademygebou oer. De tsjerke moat net betiizge wurde mei de goatyske Martinytsjerke yn 'e selde stêd.
Bou en beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De neogoatyske bakstiennen basilyk waard ûntwurpen troch de arsjitekt Pierre Cuypers. By syn ûntwerp liet er him ynspirearje troch de eardere Broertsjerke. Om it gebou fan 'e Sint-Joazeftsjerke te ûnderskieden krige dizze tsjerke wol in transept.
It ynterieur wie ienfâldich en hie rûne pylders fan natoerstien. De grutte romtewurking dy't troch de tapassing fan grute en hege skiedingsbôgen ûnstie, wie sels in ferrassing foar de arsjitekt. De apsis hie tige smelle lansetfinsters. In toer siet der net yn en yn it stee dêrfan waard in houten krusingstoer en in mearsidige smelle treptoer njonken de foargevel set. Mei in bousom fan 132.000 gûne wie it de djoerste roomske tsjerke fan 'e stêd sûnt de reduksje.
By de stifting fan it bisdom Grins waard de Sint-Martinustsjerke in katedraal.
Ofbraak
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1970 waard de tsjerke sletten. Der wiene plannen om de bibleteek fan 'e universiteit yn it gebou ûnder te bringen, mar it die bliken dat soks te djoer waard. De Sint-Martinustsjerke waard yn 1982 ôfbrutsen en ferfongen troch in nije bibleteek. De tsjerke bleau oant 1982 formeel de katedraal fan it bisdom. By pauslik beslút waard doe de biskopssit oerdroegen oan 'e Sint-Joazeftsjerke oan 'e Radesingel.
Kristus Kening
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In byld fan Kristus Kening fan de firma Edelsmidse Brom dat yn 1936 by de tsjerke set wie, krige in nij plak op it roomske tsjerkhôf fan 'e stêd.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sint-Martinustsjerke, Grins fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl: Sint-Martinuskerk (Groningen)
|