Sint-Joariskatedraal (Lviv)

Ut Wikipedy
Sint-Joariskatedraal

Собор Святого Юра

bouwurk
Львівський Собор Святого Юра.jpg
lokaasje
lân Flag of Ukraine.svg Oekraïne
oblast Flag of Lviv Oblast.svg Lviv
plak Flag of Lviv.svg Lviv
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1744-1762
arsjitekt Bernard Meretin
boustyl lette barok/rokoko

De Sint-Joariskatedraal (Oekraynsk: Собор святого Юра) yn de Oekraynske stêd Lviv is de aartskatedraal fan de Oekraynske Gryksk-katolike Tsjerke. De tsjerke waard yn de jierren 1744-1762 yn de styl fan de lette barok en de rokoko boud op de Sint-Joarisheuvel, dêr't al sûnt 1280 in tsjerke stiet. De katedraal is al iuwenlang de residinsje fan de metropoliten fan de Oekraynske Gryksk-katolike Tsjerke.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste houten tsjerke op it plak waard boud yn 1280 yn de tiid fan it foarstendom Galysje-Wolynje yn opdracht fan prins Lev Danilovitsj. By de tsjerke waard in fortifisearre kleaster boud. Nei de ferneatiging fan de gebouwen yn 1340 liet de Poalske kening Kasimir III fanôf 1363 op deselde lokaasje in stiennen basilyk bouwe. De tsjerke waard yn 1437 foltôge. Fanôf 1539 waard it Sint-Joariskleaster de sit fan de biskoppen fan Galysje-Lviv en krige de tsjerke de status fan katedraal.

Yn july 1700 waard yn de foargonger fan de hjoeddeiske katedraal it ferdrach fan de unifikaasje fan it aartsbisdom fan Lviv mei de Tsjerke fan Rome bekend makke, doe't biskop Josef Sjûmljanski him fjouwerkant efter de Uny fan Brest (1596) opstelde. De tsjintwurdige Joariskatedraal datearret fan de jierren 1744-1762 en waard neffens in plan fan de arsjitekt Bernard Meretin boud. It oanbringen fan de dekoraasjes oan de tsjerke duorre lykwols noch oant 1780. Nei't de metropolyt fan de Oekraynske Gryksk-katolike Tsjerke de sit yn 1816 nei Lviv ferhûze waard de Joariskatedraal de wichtichste tsjerke fan dy denominaasje.

Unteigening en weromjefte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Heechalter

Nei de Twadde Wrâldkriich waard de Oekraynske Gryksk-katolike Tsjerke troch de Sovjet's ferfolge. De krekt ynwijde aartsbiskop fan Lviv Josyf Slipyj waard yn 1945, krekt lykas de rest fan de tsjerklike hiërargy, finzen set. Yn maart 1946 wie de katedraal it plak fan in synoade, dêr't de Uny fan Brest neatich ferklearre waard. In jonge Volodymyr Sternjûk (de takomstige aartsbiskop en lieder fan de Oekrayske Gryksk-katolike Tsjerke) hold him doe op 'e souder fan de tsjerke beside en wie tsjûge fan it beslút om it aartsbisdom by it metropolinaat fan Galysje fan de Russysk-Otterdokske Tsjerke te foegjen, tegearre mei de rest fan de katolike parochy's fan de Oekraïne. De katedraal waard op 'e nij ynwijd en waard doe de otterdokske katedraal fan it bisdom Lvіv-Ternopіl.

De weroplibbing fan de Oekrayske Gryksk-katolike Tsjerke waard mei de Perestrojka mooglik makke en de parochy's dy't 45 jier earder ofstien wiene, waarden no wer opeaske. Op 12 augustus 1990 besetten leden fan de sintrum-rjochtse Folksbeweging fan de Oekraïne de katedraal om dy eask krêft by te setten. Twa dagen letter erkende de regionale oerheid fan it oblast Lviv de rjochten fan de Oekrayske Gryksk-katolike Tsjerke op de katedraal. Sûnt de weromjefte is de katedraal wer it sintrum fan de gryksk-katoliken yn de Oekraïne.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De katedraal is in ûntwerp fan de arsjitekt Bernard Meretin en draacht Westerske mar ek tradisjonele skaaimerken fan de Oekraynske tsjerke-arsjitektuer. It grutte byld boppe de tagong fan Sint-Joaris dy't op it hynder de draak deadet, is makke troch de byldhouwer Johann Georg Pinsel. Hy makke ek de bylden fan paus Leo de Grutte en Sint-Athanasius oan wjerskanten fan it balkon boppe de yngong. It meast fereare relyk fan de tsjerke is in 17e-iuwsk wûnderdiedich ikoan fan de Mem Gods. Yn de tsjerke binne de grêftombes fan gryksk-katolike kardinalen, û.a. fan Sylvester Sembratowicz, Andrej Sjeptitsky Josyf Slipy, Volodymyr Sternjûk, Myroslav Ivan Ljûbatsjivsky. It kompleks bestiet njonken de katedraal ek út in klokketoer, in barok paleis foar de metropolyt, in kapittelhûs en in binnentún.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: