Sint-Joariskatedraal (Gûs-Chrûstalny)
Sint-Joariskatedraal | ||
De katedraal oan it begjin fan 'e 20e iuw. | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Vladimir | |
plak | Gûs-Chrûstalny | |
koördinaten | 55° 37' N 40° 39' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Leonti Nikolajevitsj Benois | |
boujier | 1892-1903 | |
Kaart | ||
De Sint-Joariskatedraal (Russysk: Георгиевский собор; Georgijevski sobor) is in earder otterdoks tsjerkegebou yn 'e russyske stêd Gûs-Chrûstalny. Op it stuit wurdt de katedraal brûkt troch it Kristal Museum, dat diel útmakket fan it iepenloftmuseum Vladimir-Sûzdal.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bou fan 'e katedraal fûn plak yn 'e jierren 1892-1903 neffens in ûntwerp fan 'e arsjitekt Leonti Benois. De as trijeskippige basilyk mei in ferhege middenskip ûntwurpen bou, waard finansjeel mooglik makke troch de glêsfabrikant Joeri Netsjaev-Maltsov.
De tsjerke waard yn 1904 ynwijd ta eare fan Sint-Joaris en neffens in plan fan Viktor Vasnetsov fersierd mei mozaïken, dy't foar in diel bewarre bleaun binne.
Yn 'e tiid fan it ateïstyske belied yn 'e Sovjet-Uny waarden de koepel, de klokketoer en de boppeste dielen fan de katedraal ferneatige. De katedraal waard sletten yn 1924 en tsjinne û.o. as bioskoop, sportskoalle en muzykskoalle. Sûnt 1983 krige it Kristal Museum de tsjerke om te brûken.
Yn 2019 waard der foar it earst sûnt lange tiid wer in Godlike Liturgy yn 'e katedraal opdroegen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Георгиевский собор (Гусь-Хрустальный)
|