Springe nei ynhâld

Sint-Jakobstsjerke fan Kanakar

Ut Wikipedy
Jakobstsjerke
Սուրբ Հակոբ եկեղեցի
Lokaasje
lân Armeenje
plak Jerevan
adres Distrikt Kanaker-Seytun
koördinaten 40°13'N 44°32'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Armeensk-Apostoalyske Tsjerke
Arsjitektuer
boujier 1695
Kaart
Sint-Jakobstsjerke fan Kanakar (Jerevan)
Sint-Jakobstsjerke fan Kanakar

De Sint-Jakobstsjerke fan Kanaker of Surb Hakob (Armeensk: Սուրբ Հակոբ եկեղեցի) is in let 17e-iuwsk tsjerkegebou yn 'e Armeenske haadstêd Jerevan. De tsjerke falt ûnder it bisdom Ararat fan 'e Armeensk-Apostoalyske Tsjerke en stiet yn it distrikt Kanaker-Seytun.

Nei de ferneatiging fan 'e oarspronklike tsjerke troch de grutte ierdskodding fan 1679 fûn de werbou fan 'e Jakobstsjerke plak mei help fan Hakobjan, in rike ynwenner fan Tbilisi.

Yn 'e Sovjet-tiid waard de tsjerke sletten foar de earetsinst en as pakhûs yn gebrûk nommen. Fanôf 1990 waard de tsjerke wer yn gebrûk nommen foar de earetsjinst.

Ynterieur.

De Sint-Jakobstsjerke is in trijeskippige basilyk sûnder sintrale koepel en mei in sealtek. It gebou hat yngongen oan 'e súdlike, westlike en noardlike kant. Yn 'e tsjerken binne fresko's te sjen fan hilligen. It haadalter stiet yn it eastlike diel, grinzgjend oan in sakristy. Súdwest fan 'e tsjerke stiet in dekorearre poarte út 1897.

Noarwestlik fan 'e Sint-Jakobstsjerke stiet yn Kanakar de Hillige Mem Gods-tsjerke út 1695. De tsjerke fertoant wat de arsjitektuer oanbelanget grutte oerienkomsten mei de Sint-Jakobstsjerke.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Saint Hakob Church of Kanaker