Springe nei ynhâld

Sint-Gangolftsjerke (Trier)

Ut Wikipedy
Sint-Gangolftsjerke
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plak Trier
adres Hauptmarkt 9
koördinaten 49° 45' N 6° 38' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdom Trier
patroanhillige Sint-Gangulfus
Arsjitektuer
boujier 16e iuw
boustyl Gotyk
Webside
Side fan de domtsjerke
Kaart
Sint-Gangolftsjerke (Rynlân-Palts)
Sint-Gangolftsjerke

De Sint-Gangolftsjerke (Dútsk: St. Gangolf) is de oan 'e 8e-iuwske Sint-Gangulfus wijde steds- en merktsjerke fan Trier, Dútslân. It is op de domtsjerke nei de âldste tsjerke fan 'e stêd. De tsjerke stiet efter in rige hûzen súdwestlik fan it sintrale merkplein, de Hauptmarkt.

De yn 958 stifte tsjerke waard tusken 1284 en 1344 troch nijbou ferfongen. It hjoeddeiske letgoatyske gebou ûntstie by in yn 1500 úteinsette ferbouwing. Yn 1731 en 1746 waarden barokke eleminten tafoege.

De altermuorre waard yn 'e 19e iuw troch August Gustav Lasinsky bekildere. De muorre is it belangrykste monumint fan Nazareenske keunst yn Trier. De ramen datearje fan 1966 en waarden troch Charles Crodel (1894-1973) makke.

De tsjerke wurdt hast hielendal fan hûzen omklamme en allinne de eastlike kant grinzget oan in strjitte (Grabenstraße), mar sels dêr binne lege winkels foarboud, dy't yn 'e folksmûle Gädemcher neamd wurde.

Barokke poarte oan 'e Hauptmarkt

In lytse barokke poarte (1731-1732, Josef Walter) tusken de hûzen fan 'e Hauptmarkt jout tagong ta de binnenhôf en de tsjerke. Hielendal boppe de barokke poarte stiet it monogram sanCtVs gangVLphVs hVIVs teMpLI patronVs et Defensor (Sint-Gangulfus patroan en beskermer fan 'e timpel). De haadletters dêryn foarmje yn 'e Romeinske sifers C+V+V+L+V+V+I+V+M+L+I+V+D it stiftingsjier 1732. De tsjerke hat in tagong troch de toer en in útgong troch it sydskip.

Tusken 2020-2023 waard de tsjerke renovearre. By de renovaasje binne de oarspronklike kleuren fan it ynterieur ûntdutsen en yn dy terrakottakleur waard de tsjerke wer beskildere. Ek krige de tsjerke in nij alter, sadat it 19e iuwske keunstwurk fan Lasinsky better ta syn rjocht komt.[1]

De Gangolf tsjerke hie al sûnt it begjin fan 'e 17e iuw in ienmanualich oargel, wêrfan de bouwer ûnbekend is. Yn 1829 waard fan de bouwers Franz Heinrich en Carl Stumm in nij, twamanualich oargel yn barokke styl yn gebrûk nommen. Dat oargel waard yn 1898 ferfongen troch in ynstrumint fan Breidenfeld, dat yn 1944 ferneatige waard.

Middenskip mei noch de âlde kleuren fan foar de lêste renovaasje fan 2020-2023)

It hjoeddeiske oargel op de westlike galerij boude Johannes Klais út Bonn yn 1972. It ynstrumint telt 35 registers (sleepladen); de spyltraktueren binne mechanysk, de registertraktueren elektrysk.

De earste fjouwer ferdjippings fan de toer ûnstiene yn it begjin fan 'e 14e iuw. Troch in skinking yn 1507 fan de boargemasterswiddo Adelheid von Beßlich koe de toer mei twa ferdjippings ferhege wurde. De boppeste galerij wurdt ôfsletten mei in achtsidige spits, in galerij en op eltse hoeke lytse hoektuorkes. Om't de toer heger waard as dy fan de domtsjerke, liet aartsbiskop Richard fan Greffeinklau de súdlike toer fan 'e dom ek ferheegje.

Fan 'e seis klokken fan 'e tsjerke is de Lumpenglocke de bekendste klok. Mei it lieden fan dy klok waard it folk op jûntiid warskôge dat de stedspoarten sletten waarden. De klok is alle jûnen om 22:00 oere noch jimmeroan te hearren en heart sa bot by Trier, dat de klok by de earste radioútstjoering fanút Trier op 16 juny 1930 ek te hearren wie.

Ek hinget de midsiuwske Zündel, in fjoerklok, noch jimmeroan yn 'e toer. By brân moasten de wachters fan 'e stêd de fjoerklok liede. Oerdeis moast dan njonken it lieden mei in flagge ek de rjochting fan 'e brân oanwiisd wurde, as it tsjuster wie waard de flagge ferfongen troch in lantearne. De lêste toerwachter wurke oant 1905. Njonken dy twa klokken hingje der noch fjouwer yn 'e toer: de Marije-, Joazef-, Barbara- en Paulinusklok.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:St. Gangolf (Trier)