Springe nei ynhâld

Sint-Fitustsjerke (Wynskoat)

Ut Wikipedy
Sint-Fitustsjerke
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Aldamt
plak Wynskoat
adres Langestrjitte 77
koördinaten 53° 8' N 7° 2' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Grins-Ljouwert
patroanhillige Fitus
Arsjitektuer
arsjitekt Alfred Tepe
boujier 1880
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39015 [1]
Webside
Side Norbertusparochy
Kaart
Sint-Fitustsjerke (Grinslân)
Sint-Fitustsjerke

De Sint-Fitustsjerke is in oan 'e needhelper Fitus wijde roomske tsjerke yn de Grinslânske stêd Wynskoat. De tsjerke waard boud neffens in ûntwerp fan 'e arsjitekt Alfred Tepe.

Parochy en patroanhillige

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Byld Sint-Fitus

Eartiids bestie de roomske mienskip fan 'e stêd fral út hannelslju út it Dútske Westfalen en Iemslân. Yn 1880 bouden de Wynskoater katoliken harren tredde tsjerke oan 'e eartiidske Witefrouwestrjitte (no Langestrjitte). Yn 1921 waard de Fitusskoalle boud, yn 1924 waard it katolike tsjerkhôf oan de Pekelderstrjitte ynwijd en lang om let waard yn 'e tún fan de pastorij efter de tserke it Sint-Lukassikehûs boud. Jierren fersoargen de susters Fransiskanessen fan 'e Hillige Famylje dêr de siken.

Tsjerklik foel Wynskoat oant yn 'e 16e iuw ûnder de abdij fan Corvey. Dy bân waard foar it earst yn 1474 neamd. Sûnt 583 waarden de reliken fan Fitus yn Lûkaanje en op Sisylje fereare. Troch abt Fulrad waarden reliken fan Fitus nei de abdij fan Sint-Dyonisius by Parys oerbrocht en fan dêr wei binne se troch abt Hildewyn nei Corvey brocht. Yn dy abdij waarden de reliken bewarre en fereare en in soad parochy's dy't ûnder Corvey foelen, krigen Fitus as patroan. Op it wapen fan Wynskoat stiet Sint-Fitus ôfbylde en it Wynskoater buorskip Sint-Vitusholt en in strjitte binne ferneamd nei de patroanhillige fan de stêd.

De earste Fitustsjerke is de tsjintwurdige PKN-tsjerke. Nei de reformaasje rekken de roomsen harren tsjerke kwyt. Hja kamen byinoar by minsken thús en rûnreizgjende preesters betsjinnen de sakraminten. Fakentiden wiene dy preesters lid fan in oarder, lykas fransiskanen en jezuïten.

Haadalter.

Tsjin it ein fan de 18e iuw waard it wer tastien om in tsjerke te stiftsjen. Dy kaam yn 1799 yn de Witefrouwestrjitte, de tsjintwurdige Langestrjitte. It wie in ienfâldich sealtsjerkje op it plak dêr't no de pastorijtún is. Allinne út in tuorke op 'e gevel die bliken dat it om in tsjerke gyng. Al nei 20 jier waard it gebou brekfallich en yn 1822 makke Cornelis van de Poel in ûntwerp foar in renovaasje en útwreiding. Troch brek oan jild waarden de plannen lykwols pas yn 1835 útfierd.

De emansipaasje dy't folge op it herstel fan de biskoplike hiërargy yn 1853 brocht in weach fan nije katolike tsjerken yn it lân. En lykas op oare plakken ferfongen de katoliken fan Wynskoat ek harren tsjerke troch in neogoatysk gebou mei mear oansjen. Yn 1880 boude Alfred Tepe (1840-1920), ien fan 'e wichtichste fertsjintwurdigers fan it neogoatykse bouwen yn Nederlân, de hjoeddeiske tsjerke.

Ynterieur.

It tsjintwurdige haadalter fan de tsjerke stie oarspronklik yn de yn 1988 ôfbrutsen Sint-Bonifatiustsjerke fan Nieuwe Pekela. Oarspronklik wiene de muorren fan de tsjerke fersierd, mar nei it Twadde Fatikaanske konsylje binne dy wyt oerskildere. De glês-yn-leadramen binne yn de jierren 1930 ynbrocht.

It ienmanualige oargel waard yn 1885 makke troch de firma Gradussen út Winssen by Nijmegen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.