Springe nei ynhâld

Sint-Antoniusbasilyk (Istanbûl)

Ut Wikipedy
Sint-Antoniusbasilyk
Sent Antuan Kilisesi
Lokaasje
lân Turkije
plak Istanbûl-Beyoğlu
adres İstiklal Cad.
koördinaten 41°1'N 28°58'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
wijd oan Antonius fan Padua
Arsjitektuer
arsjitekt Giulio Mongeri
boujier 1906-1912
boustyl neogotyk
Webside
Side tsjerke
Kaart
Sint-Antoniusbasilyk (Istanbûl-Sintrum)
Sint-Antoniusbasilyk

De Sint-Antoniusbasilyk (Turksk: Sent Antuan Kilisesi) is it grutste roomsk-katolike tsjerkegebou fan 'e Turkske stêd Istanbûl. De tsjerke stiet ûnopfallend oan 'e İstiklal Caddesi.

Ynterieur.

De oarspronklike tsjerke waard yn 1725 boud foar de lokale Italjaanske mienskip. Dy tsjerke moast fanwegen de oanlis fan in strjitwei ôfbrutsen wurde en net fier dêrfan ôf waard dy tsjerke tusken 1906 en 1912 troch it hjoeddeiske tsjerkegebou ferfongen. De oan Antonius fan Padua wijde tsjerke is in ûntwerp fan 'e arsjitekt Giulio Mongeri en boud yn 'e Feneesjaanske neogotyk, mar de krypt is neoromaansk. Deselde arsjitekt boude mear grutte gebouwen yn Istanbûl en Ankara.

De Antoniustsjerke krige fan paus Pius XI yn 1932 de status fan basilica minor. Yn itselde jier preke Angelo Giuseppe Roncalli, de lettere paus Jehannes XXIII, yn 'e tsjerke. Yn syn lettere jierren besocht er as apostoalysk legaat foar Turkije de tsjerke en it byld foar de tsjerke betinkt him dêrom. Yn 1967 droech paus Paulus VI yn 'e basilyk foar it earst yn 'e skiednis fan 'e Turkske steat in hillige misse fan in paus op Turkske boaiem op.

De tsjerke wurdt beheard troch Italjaanske preesters en op ferskate tiden wurde missen yn meardere talen opdroegen.

It oargel yn 'e basilyk waard yn 1947 troch de Italjaanske oargelboufirma Mascioni (opus 623) boud. It ynstrumint besit 32 registers op trije manualen en pedaal. De spyl- en registertraktueren binne elektrysk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: