Springe nei ynhâld

Sint-Andréasabdij

Ut Wikipedy
Sint-Andréasabdij

Sint-Andriesabdij

Lokaasje
lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
gemeente Brugge
plak Sint-Andries
koördinaten 51° 11' N 3° 10' E
Kleastergegevens
denominaasje Roomsk-Katolike Tsjerke
oarde Benediktinen
kongregaasje Kongregaasje fan de Ferkundiging fan de Jongfaam Marije
Ynformaasje bou
arsjitekt Jozef Viérin
boujier 1899-1902
boustyl Neoromaanske arsjitektuer
monumintnûmer 209994
Webside
abdijzevenkerken.be
Kaart
Sint-Andréasabdij (Brugge)
Sint-Andréasabdij

De Abdij fan Zevenkerken, offisjeel de Sint-Andréusabdij fan Zevenkerken, wie en is in benediktynske abdij yn Sint-Andries (in dielgemeente fan Brugge), Belgje. De âlde abdij stie op it plak fan de hjoeddeiske parochytsjerke fan Sint-Andries. In eintsje fierderop waard letter de nije Sint-Andréasabdij fan Zevenkerken boud.

De stifting fan de abdij fûn plak yn 'e midsiuwen. De stiftingsoarkonde waard op 22 febrewaris 1100 ûndertekene en yn juny fan datselde jier ratifisearre troch greve Robrecht II fan Flaanderen. Der waard besletten om te bouwen op it plak fan de hjoeddeiske parochytsjerke fan Sint-Andries. De earste muontsen setten harren dêr op 17 augustus 1117 nei wenjen. Yn 1188 waard de abdij ûnôfhinklik fan de memmeabdij. Yn 1240 moast it tsjerkegebou troch in muorre midstwa dield wurde nei in oanhâldend skeel tusken de pastoar en de abdij. Yn de 14e iuw begûn in tiidrek fan grutte bloei foar de abdij, dy't in soad lân en ynkommen krige.

Yn 'e twadde helte fan de 15e iuw waard de abdij slim skansearre nei in besetting fan Dútske lânsfeinten.

De Sint-Andréasabdij yn 1641

Keizer Karel V en syn broer, de lettere keizer Ferdinand I, brochten yn 1521 in besite oan de abdij om de fespers by te wenjen. De 16e iuw betsjutte lykwols in tiid fan neigean. Nei't geuzen de abdij jimmeroan oanfoelen en plonderen, ferhûzen in soad muontsen nei it refúzjehûs yn de Boeveriestrjitte yn Brugge. Fjouwer muontsen bleaune efter yn de abdijgebouwen. Yn de 17e iuw koene de muontsen de abdij wer renovearje, mar de weromkommende krigen en de ûnfeilige lokaasje bûten de muorren fan Brugge makke fan de abdij in ienfâldich doelwyt foar fernielings en plonderingen.

Lykas in soad abdijen waard ek de Andréasabdij yn 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje ôfbrutsen en ferkocht. Allinne de tsjerke bleau as parochytsjerke stean. Nei't in brân de tsjerke yn 1869 folslein ferneatige, bleau allinnich de 16e-iuwske toer oer, dy't restaurearre waard en tsjintwurdich ûnderdiel foarmet fan de Sint-Andréas- en Sint-Annatsjerke.

In iuw letter (1898) sette Gerard van Caloen, in benediktyn út Maredsous yn Namen, in pear kilometer fan de âlde lokaasje in nije mienskip op.

De nije abdijgebouwen waarden ûntwurpen troch de Dútske arsjitekt en benediktynske muonts fan Maria Laach, Wilhelm Ricklake. Oare gebouwen waarden ûntwurpen troch Jozef Viérin, in arsjitekt út Brugge.

De neoromaansk-Byzantynske abdijtsjerke fan 1899-1902 hat sân tsjerken of kapellen yn ferskillende stilen ûnder syn tek, dy't oan de sân grutte basilika's fan Rome tinken dogge. It giet yn itselde gebou om twa foar inoar oer lizzende tsjerken en fiif kapellen:

Ynterieur Sint-Andréasbasilyk
Koerstuolte
  • De Tsjerke fan Us Leaffrou, twadde haadtsjerke, yn Byzantynske styl en koepelfoarm,
    • de Kapel fan Sint-Laurentius, yn romaanske styl,
    • de Kapel fan Sint-Sebastiaan, yn de styl fan de Romeinske katakomben,
    • de Kapel fan it Hillige Krús, yn Russysk-otterdokse styl.

Oan dy sân tsjerken/kapellen waarden nochris trije oare kapellen tafoege (alle trije rjochts fan de haadtsjerke):

It portaal fan it tsjerkegebou komt út op de narteks, dy't in skieding oanbringt tusken de twa foar inoar oer steande haadtsjerken.

Yn 1901 gie de abdij by de Braziliaanske Kongregaasje en yn 1920 gie de abdij oer nei de nije Kongregaasje fan de Ferkundiging. Sûnt 1910 is der in abdijskoalle oan de abdij ferbûn.

Op 8 septimber 1952 waard de abdijtsjerke yn it ramt fan it 50-jierrich bestean de status fan basilyk ferliend.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Sint-Andriesabdij