Springe nei ynhâld

Sint-Andries (Brugge)

Ut Wikipedy
Sint-Andries (Brugge)
Refuge
Refuge
Emblemen
Bestjoer
Lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
gemeente Brugge
Sifers
Ynwennertal 19.324 (2020)[1]
Oerflak 20,65 km²
Befolkingsticht. 935 ynw./km²
Oar
Postkoade 8200
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51° 11' N 3° 10' E
Himrik fan Sint-Andries yn de gemeente Brugge
Himrik fan Sint-Andries yn de gemeente Brugge
Offisjele webside
Sint-Andries op it webstee fan Brugge

Sint-Andries is in plak yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen. Foarhinne wie it in selsstannige gemeente, mar sûnt 1 jannewaris 1971 foarmet Sint-Andries in dielgemeente fan de provinsjehaadstêd Brugge. Sint-Andries leit westlik fan it histoaryske stedssintrum fan Brugge. Noch jimmeroan hat sint-Andries in grut tal kastielen en hearehuzen op syn grûngebiet, mar in soad dêrfan binne yn 'e rin fan de tiid ôfbrutsen. De dielgemeente hat in oerflak fan 20,65 km² en 19.324 ynwenners (2020).

De boaiem fan Sint-Andries bestiet benammen út fyn sân en wat klaai oan it kanaal Brugge-Oostende. Dêrom wurdt de dielgemeente geografysk ta it gebiet 'Zandig Vlaanderen' rekkene. Sint-Andries grinzget yn it noarden oan 'De Polders', mar it lânskip fan Sint-Andries slút foar it measte op 'Het Houtland' oan.

Yn it suden grinzget Sint-Andries oan de dielgemeente Sint-Michiels en de gemeente Zedelgem, yn it west oan de gemeente Jabbeke, yn it noarden oan de gemeente Zuienkerke en de stedswiken 'Kristus-Koning' en 'Sint-Pieters-op-den-Dike' en yn it easten oan it stedssintrum fan Brugge.

Kastiel Bloemendale

It súdlik part fan Sint-Andries is ryk oan bosk troch de oanlis fan grutte park- en boskgebieten oan de ein fan de 18e en benammen yn de 19e iuw. Dy ûnstienen troch't aadlike famyljes dêr grutte kastieldomeinen besieten. Ek kleasters mei harren kleasterlân soargen dêr foar it behâld fan bosk en grien. Wylst der fuort nei de Twadde Wrâldoarloch nochal wat domeinen ferkavele en beboud waarden, feroare it belied nei de weryndieling fan de jierren 1970. De stêd kocht doe grutte domeinen (Beisbroek en Tudor) oan en de provinsje West-Vlaanderen hie earder al it Tillegembosk oankocht.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Yn it sintrum stiet de neogoatyske Sint-Andréas-en-Sint-Annatsjerke (1870 en letter). Oarspronklik stie op dat plak de yn de Frânske tiid ferneatige Andréasabdij. De hjoeddeiske Sint-Andréasabdij leit in pear kilometer nei it suden.
  • Oan de 'Gistelse Steenweg' stiet de neoromaanske Sint-Baafstsjerke (1934).
  • Yn de wyk 'De Galge' stiet de Sint-Willibrordustsjerke (1957) fan arsjitekt Albert Laloo.
  • De kapel fan Us-Leaffrou fan it Beamke (Onze-Lieve-Vrouw fan 't Boompje) út 1665 besit in mirakuleus byld en in 18e-iuwsk alter fan Pieter Pepers.
  • Kastiel 'Beisbroek'
  • Kastiel 'Bloemendale'
  • Kastiel 'Forreyst'
  • Kastiel 'Koude Keuken'
  • Kastiel 'Les Acacias'
  • Kastieel 'Norenburg'
  • Kastiel 'Pereboomveld'
  • Kastiel 'Ter Lucht'
  • Kastiel 'Tillegem'
  • Kastiel 'Tudor'

Oan de Zandstraat 148 stiet it yn de jierren 1902-1914 boude 'Refuge'-kompleks yn de styl fan de Brugge-barok.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Sint-Andries (Brugge)