Simon en Helenatsjerke (Minsk)

Ut Wikipedy
Simon en Helenatsjerke
Lokaasje
lân Wyt-Ruslân
plak Minsk
koördinaten 53° 53' N, 27° 32' E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Simeon, Sint-Helena
Arsjitektuer
arsjitekt Tomasz Pajzderski
boujier 1905-1910
boustyl Neoromaansk, neogotyk
monumintale status Kultureel erfgoed fan Wyt-Ruslân
monumintnûmer 713Г000229
Webside
Side parochy
Kaart
Simon en Helenatsjerke (Minsk)
Simon en Helenatsjerke

De Simon en Helenatsjerke (Wytrussysk: Касьцёл Сьвятых Сымона і Алены) is in roomsk tsjerkegebou yn 'e Wytrussyske haadstêd Minsk. De tsjerke krige fanwegen syn út Częstochowa ôfkomstige reade bakstien de bynamme 'Reade Tsjerke'. Missen wurde yn ferskillende talen holden.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

It wie de rike grutgrûnbesitter Edward Woyniłłowizc dy't de bou fan 'e tsjerke mooglik makke. De man wie fan aadlike komôf en stelde foar de bou 100.000 rûbel ta beskikking. Yn 1910 waard de tsjerke oan 'e hilligen Simeon en Helena wijd, de patroanhilligen fan syn ier ferstoarne bern.

Sovjet-tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Reade Leger helle yn 1923 alles wat fan wearde wie út de tsjerke. Yn 1932 folge it sluten fan 'e tsjerke en de oerdracht fan it gebou oan in Poalsk teäterselskip. Letter krige in filmstudio it gebou yn gebrûk. Yn 'e tiid fan 'e Dútske besetting waard de tsjerke werom jûn oan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, mar nei de befrijing fan Minsk waard de tsjerke op 'e nij sletten.

Der folge in renovaasje en de filmstudio krige it gebou wer yn gebrûk. Yn 1975 waard de eardere tsjerke in bioskoop. Ek wie fan 1976 oant 1988 it Museum fan 'e Wytrussyske Film yn it gebou ûnderbrocht.

Weromjefte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1990 folge de weromjefte oan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke en doe foargoed. Sûnt de renovaasje is de tsjerke in belangryk kultureel en sosjaal sintrum foar de katolike mienskip. Ek is it in sintrum foar de lytse Wytrussyske Gryksk-katolike mienskip.

De stifter fan 'e tsjerke, Edward Woyniłłowicz, dy't yn 1928 ferstoarn wie, waard yn 2006 in op 'n nij yn 'e tsjerke beïerdige.

Yn 2010 waard by de tsjerke in grut byld fan brûns set, dat de aartsingel Michael mei de draak foarstelt.

Oars[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De arsjitekt boude earder yn 'e jierren 1902-1905 in selde soarte tsjerke yn it Poalske Jutrosin.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Holy Spirit Cathedral (Minsk)