Springe nei ynhâld

Simon Frisius

Ut Wikipedy

Simon Frisius ek: Symon Wijnhouts Frisius, of Simon Wijnhouts de Vries (Harns, 1570–75 – De Haach, 1628/29)[1] wie in Frysk etser en printekeunstner. Hy reizge yn Frankryk, Spanje, Dútslân, Bohemen en Ruslân.[1]

Simon Wynhouts Frisius fêstige him yn 1598 yn Parys en spesjalisearre him dêr yn it gravearjen fan kaligravearre letters yn koper. [2] Dêrnei wurke er nei alle gedachten yn Amsterdam fan 1605 oant 1610.

Nei 1611 wurke Frisius yn De Haach en waard troch syn wurk in begoedige man. Hy waard dêr teffens lid fan it genoatskip Confrerie Pictura. Hy wie ek saakwaarnimmer fan inkele bûtenlânske foarsten.

Nei syn dea yn 1629 liet Frisius in oeuvre nei dat bestiet út sa'n 230 printen, meast etsen. Neist kaligrafyske yllustraasjes makke hy portretten. Ek lânskippen en histoaryske sênes waarden troch him ôfbylde. Yn it stedhûs fan Fianen hinget in brede strook papier mei de lykstaasje fan Walraven III fan Brederode, hear fan Fianen. Yn 12 grutte gravueres hat printkeunstner Simon Frisius de útfeart fêstlein. It wie yn dy tiid wenst om begraffenissen fan pommeranten fêst te lizzen. De nammen fan -ek foaroansteande- besikers steane der ek by.
Faak markearre er syn platen mei S. F. fecit , mar soms ek allinnich mei it wurd fecit.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Simon Frisius yn de RKD
  2. Gravearjen is it skrassen fan in tekst of foarstelling yn in objekt. Der besteane ferskate techniken, omdat elk materiaal syn easken stelt. Foar in kopergravuere wurdt in stielen stift, de buryn, brûkt. Mei de buryn wurde de linen stutsen. At yn dizze linnen inket smard wurdt, kin in print makke wurde. By glês wurde mei in diamantpunt linen op it glês lutsen, mei arsearjen kinne healtoanen en skaden oanbrocht wurde.