Sikke Douwes Sjaardema
Appearance
(Trochferwiisd fan Sikke Douwe Sjaardema)
Sikke Douwes Sjaarda (ek Syarda, Sjaerda, Siaerda of Sikke Douwes Sjaerdema) (Frjentsjer, 1328 - dêre, 1422 of 1425) wie in Fryske haadling. Hy wie foaroanman by de Skieringers en militêr lieder ûnder de Grutte Fryske Oarloch. Troch him waard striid levere tsjin de Fetkeapers yn in tal grutte fjildslaggen.
Sikke wie in soan fan Douwe Sickes Sjaarda (1295-1345). Yn 1350 troude hy mei Catharina Frances (Tryn) Roarda (1325-1418) fan Nijlân. Se krigen trije bern.
Sikke sneuvele tegearre mei syn frou by de besetting fan it âlde Sjaerdemahûs yn Frjentsjer en waard mei har begroeven yn it kleaster Eanjum by Berltsum. Soe op 12 maaie 1420 mei Skieringers troch in ynfaazjeleger fanút de Sudersee ferslein wêze by Hylpen.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |