Springe nei ynhâld

Sybrand Hingst

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sijbrand Hingst)
Sybrand Hingst

Sybrand Hingst (Harns, 28 oktober 1824 - De Haach, 18 oktober 1906) wie in Frysk politikus.

Hingst wie in minnist liberaal Twadde Keamerlid út Harns, en fertsjintwurdige tweintich jier it distrikt Ljouwert. Hy wie in jittikfabrikant fan 1847 ôf, dy't yn 1859 wethâlder en yn 1864 boargemaster fan Harns waard. Hy kaam nei de ûntbining fan 1866 yn de Twadde Keamer en spruts dêr in soad oer Fryske oangelegenheden. Hy sluet him oan by de Kappeynianen[1].

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Wie in soarte fan liberale freoneklup yn de Twadde Keamer, neamd nei har foarman mr. J. Kappeyne van de Coppello