Springe nei ynhâld

Siebren Miedema

Ut Wikipedy
Siebren Miedema
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 17 novimber 1949
berteplak Weidum
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt pedagooch, heechlearaar
offisjele webside
https://research.vu.nl/en/persons/siebren-miedema

Siebren Miedema (Weidum, 17 novimber 1949) is in Nederlânske pedagooch en emeritus-heechlearaar Algemiene Pedagogyk oan de Frije Universiteit Amsterdam.

Nei de HBS-B sette Miedema útein mei de stúdzje ûnderwiiskunde oan de Universiteit fan Grins. Nei syn kandidaats yn 1974, en in kandidaats filosofy yn 1976, studearre er yn 1979 ôf yn de ûnderwiiskunde. Yn 1983 helle er dêre ek it doktoraal yn filosofy en yn 1986 promovearre er oan de Universiteit Leien yn de sosjale wittenskippen. [1]

Begjin jierren 1980 redigearre Miedema syn earste boeken, en skreau er in stikmannich artikelen oer ûnderwiiskundige ûnderwerpen yn it deiblêd Trouw. Yn 1993 waard er beneamd as heechlearaar Algemiene Pedagogyk oan de Frije Universiteit Amsterdam. [2] Yn 2002 folge dêrneist in dieltiidoanstelling as heechlearaar oan de ôfdieling Praktyske Teology fan de Fakulteit Godgeleardheid. Miedema skreau en redigearre sa 'n 46 boeken en 300 akademyske artikels en haadstikken.[3]

Yn 2012 ûntfong er in keninklike ûnderskieding, útrikt yn Noordwijkerhout troch boargemaster Gerrit Goedhart. [3]

In kar:

  • Pedagogiek in meervoud : wegen in het denken over opvoeding en onderwijs, redactie met Fons Beugelsdijk, Deventer: Van Loghum Slaterus, 1984.
  • Opvoeding zoals het is, redaksje mei , 1989.[4]
  • De comeback van God in de pedagogiek, 2000.
  • Bijzonder gemotiveerd, mei Anne Bert Dijkstra, 2003.
  • De onmogelijke mogelijkheid van levensbeschouwelijke opvoeding, 2003.
  • Levensbeschouwelijke vorming in een (post-)seculiere tijd, 2012.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. CV Professor Siebren Miedema, op siebrenmiedema.com. Sjoen 09.06.2019.
  2. Nely van Dam, "Eerste hoogleraar christelijk onderwijs: 'Een blauwdruk voor levensbeschouwing is uit de tijd'." Trouw. Meppel, 01-09-1993. Rieplachte op Delpher op 09-06-2019.
  3. 3,0 3,1 "Koninklijke onderscheiding voor professor dr. Siebren Miedema," blikopnoordwijkerhout.nl, 15 desimber 2012.
  4. Jolan Douwes. "De P van pedagogiek is zoek,"TRouw, Meppel, 26-04-1989. Rieplachte op Delpher op 09-06-2019.