Springe nei ynhâld

Sibrand Gratama

Ut Wikipedy
Sibrand Gratama

Sibrand Gratama (Harns, 20 maaie 1784Assen, 9 jannewaris 1858) wie in jurist en boargemaster.

Gratama waard berne as soan fan abbekaat mr. Seerp Gratama en Aafke Talma. Hy studearre yn Grins, dêr't syn heit koart dêrfoar heechlearaar wurden wie. Nei syn stúdzje abbekaat en prokureur yn Assen. Hy wie de heit fan Lucas Oldenhuis Gratama.

Gratama waard yn 1810 troch kening Loadewyk oansteld as iepenbier notaris en yn 1811 beneamd ta rjochter-plakferfervanger yn de rjochtbank fan Assen. Hy liet yn dizze perioade it Gratamahûs bouwe. Hy wie yn 1812 trijje wiken maire fan Assen as opfolger fan I. Collard. Fan septimber 1816 oant 1824 wie hy ien fan de trije boargemasters fan de stêd. Yn 1824 waard Gratama beneamd as rjochter fan ynstruksje en yn 1832 waard hy ferheft ta presidint fan de rjochtbank.

Mr. Gratama wie yn 1823 oprjochter en haadredakteur fan de Provinciale Drentsche en Asser Courant (yn 2001 opgien yn it Dagblad van het Noorden). Hy waard troch Willem II beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw (1824) en troch Willem III ta Kommandeur yn de Oarder fan de Ikekroan (1854).

Sibrand Gratama ferstoar op 73-jierrige leeftiid yn Assen, dêr't hy begroeven waard op it Noarderbegraafplak. De Boargemaster Gratamastrjitte waard nei him ferneamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: