Sibillus Catharinus Kylstra

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Sibillus Catharinus Kylstra (Bears, 16 july 1869 - 1950) wie in Nederlânsk Herfoarme predikant en kristen-anargist (Tolstojaan).

Hy stie as dûmny yn Ingelum (1894-1897) en Rottefalle (1897-1899). Kylstra rjochte yn 1900 de Ynternasjonale Bruorskip te Blaricum op; wie dêr befreone mei Anne de Koe. Hy libbe dêr fjouwer jier.

Doe't er syn amt wer opnaam hie wie er predikant yn Sint-Jabik fan 1908 oant 1913 en begjint dêr it earste frijsinnich-godstsjinstige blêd De Wekker en krewearret foar frijsinnige hagepreken. Hy hat ferskillende brosjueres skreaun. Hy jout it predikantskip lykwols oer en emigrearre yn july 1913 mei syn famylje nei Yakima (11th Avenue) tichtby Portland, Oregon yn de Feriene Steaten om dêr grienten (benammen tomaten, mais) te kweken en te ferkeapjen.

Kylstra woe in kristen fan de die wêze en sette him yn foar de 'earme Fryske heide'.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Kylstra, Sibillus Catharinus.

  • Jacob Jetzes Kalma, S. C. Kylstra (1869-1951): christen-anarchist : in en uit de kolonie, bibliografyske oantekeningen, 1981