Springe nei ynhâld

Sierra Leöane

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Siërra Leoane)
Republic of Sierra Leone
Flagge fan Sierra Leöane Wapen fan Sierra Leöane
Flagge Wapen
Lokaasje fan Sierra Leöane
Offisjele taal Ingelsk
Haadstêd Freetown
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
71,740 km²
1­%
Ynwenners (2005) 6,005,250
Munt Leone (SSL)
Tiidsône UTC +0
Lânkoade SLE
Ynternet .sl
Tillefoan 232

Sierra Leöane, sûnt 1971 offisjeel de Republyk Sierra Leöane, is in lân yn Afrika dat grinzet oan Guinee en Libearia, oan de westlik leit de Atlantyske Oseaan. De haadstêd is Freetown.

It gebiet waard om-de-by 1460 ûntdutsen troch de Portegezen. De anti-slavernij beweging út Ingelân stifte yn 1787 by it tsjintwurdige Freetown in koloanje. Troch de Britske regearing waard dizze koloanje yn 1808 oernomd.

Yn de 20e iuw waard it dekolonisaasjeproses op gong brocht troch de Sierra Leone People Party (SLPP) ûnder lieding fan Milton Margai dy't yn 1951 premier waard. Yn 1961 krige it lân selsstannigens, de Britske keninginne bleau lykwols staatshaad. Nei de dea fan Milton Magai waard syn broer Albert Margai yn 1964 earste minister. Hy kaam yn konflikt mei de opposysje, de All People's Congress (APC) ûnder lieding fan Siaka Stevens. Nei in trijetal steatsgrepen troch it leger, foarme Stevens yn 1968 in nije reagering. Yn 1971 rôp er de republyk út en waard presidint. Stevens trede yn 1985 ôf ten gunste fan Joseph Saidu Momoh.

Tusken 1991 en 2001 hie it lân te lijen ûnder in bloedige boargeroarloch dêr't de helte fan it lân kriichsgebiet troch waard en in fearn fan de befolking flechte moast.

In wei op it plattelân yn Sierra Leöane

Sierra Leöane leit oan de westkust fan Afrika. Foar de flakke beboske kust lizze lytse eilantsjes. It heger lizzend lân bestiet út savannefegetaasje trochsnien mei rivieren dy't ûntspringe op it Talla- en it Falabaplato yn it noarden en easten. De berch Bintumany is mei 1.948 meters de heechste pyk yn it lân.

It sintrum fan it lân is in flak gebiet dat foar in part troch boeren beboud wurdt en fierders bestiet út bosken en savanne.

In tropysk klimaat soarget yn de kuststreek foar in evenredige temperatuer.

Yn Sierra Seäone libje om-ende-by achttsjin befolkingsgroepen, dêr't de Mende (35%), Temne (32%) en Limba (8%) de grutsten fan binne. Fierders binne der ek wat lytse kloften Jeropeanen, Libanezen en Sjinezen dy't fral in de omjouwing fan Freetown wenje.

De grutste religy yn it lân is de Islam dêr't 60% fan de befolking by heart, de oare religy's binne it Kristendom mei 30% en Natoerreligy's mei 10%.

It Ingelsk is de offisjele taal, dat lykwols mar troch in lyts part fan de befolking sprutsen wurdt. Alle befolkingsgroepen sprekke harren eigen taal. It Krio (Kreoolsk-Ingelsk) fungearret as lingua franca.