Shocking Blue

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Shocking Blue by in parsekonferinsje yn 1970

Shocking Blue wie in Nederlânske rockband dy't suksesfol wie yn de jierren sechstich en santich.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De groep waard yn 1967 oprjochte troch Robbie van Leeuwen, dy't neffens eigen sizzen oan de boppekant fan syn kinnen kommen wie by The Motions en in groep delsette woe dy't ynternasjonaal mear kânsen hawwe soe. Van Leeuwen socht de groepsleden út ferskate hoeken fan de Haachske beatscene en keas ynearsten foar in sjonger, Barry Hay, dy't krekt The Haigs ferlitten hie. Hay woe net by de band en Van Leeuwen reagearre mei de histoaryske wurden: "Hjir silst noch spyt fan krije". Uteinlik waard Fred de Wilde de sjonger en waard der in LP foar Polydor opnaam. It album wie lykas de earste single Love is in the air net hiel suksesfol.

In jier letter stapte Shocking Blue oer nei it krekt oprjochte Pink Elephant-label fan Dureco. De earste plaat dy't útkaam op dat label wie Lucy Brown Is Back in Town. De single die it bêst yn de Nederlânske Top 40. Doe't De Wilde healwei 1968 in oprop krige foar militêre tsjinst, besleat Van Leeuwen dat hy de groep oanfolle woe mei in sjongeres. Ynearsten waard oan Annet Hesterman tocht, mar sy hie krekt in kontrakt sletten mei in oare manager en betanke. Letter wie sy noch in koart skoftke de sjongeres fan de Grinzer band de Ro-d-Ys. Yn Loosdrecht kamen Van Leeuwen en manager Cees van Leeuwen Mariska Veres (1947-2006) tsjin. Sy hie dêr in optreden mei The Motowns by in feestje fan de Golden Earring. It kontakt waard fia har mem lein.

Shocking Blue wie de earste Nederlânske groep dy't in nûmer ien hit hiene yn de Billboard Hot 100 fan de Feriene Steaten mei it nûmer Venus.

De groep hie noch in soad oare hits foar't se yn 1975 opholden. Yn 1979 waard besocht de groep wer by inoar te krijen, dit duorre lykwols twa jier. Shocking Blue kaam yn 1993 werom mei in oare gearstalling dêr't Mariska Veres by siet, mar Robbie van Leeuwen net. Dy formaasje bleau optreden oant Mariska Veres yn desimber 2006 ferstoar.

Leden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De groepsleden dy't de band troch de jierren hân hat:

  • Fred de Wilde (sang) (oant de hjerst fan 1968)
  • Mariska Veres (sang) (fan de hjerst fan 1968 ôf)
  • Robbie van Leeuwen (gitaar, sitar en sang)
  • Cor van der Beek (drums) (ferstoarn op 2 april 1998)
  • Klaasje van der Wal (basgitaar) (oant 1972, ferstoarn op 12 febrewaris 2018)
  • Henk Smitskamp (basgitaar) (fan 1972 ôf)
  • Leo van de Ketterij (ekstra gitarist yn de jierren 1970 & 1971)
  • Martin van Wijk (gitaar) (fan 1973 ôf)
  • Wim Voermans (basgitaar) (novimber 1984 oant oktober 1986)
  • Jan Pijnenburg (drums) (april 1985 oant oktober 1986)
  • Michael Eschauzier (toetsen) (1993 oant 2006)
  • André van Geldorp (gitaar, sang) (1987 oant 2006)
  • Gerben de Bruijn (drums) (1993 oant 1998)
  • Michel Schreuder (drums, sang) (1998 oant 2006)