Shireen Strooker
Shireen Strooker (De Haach, 22 july 1935 – Middenbeemster, 19 april 2018) wie in Nederlânsk aktrise en toanielregisseur.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Strooker die yn 1957 eineksamen oan de Amsterdamske Toanielskoalle en wurke dêrnei jierren foar de grutte Nederlânske toanielselskippen. Nei in inisjatyf fan Jan Joris Lamers rjochte se yn 1970 mei ûnder oaren Helmert Woudenberg it teäterkollektyf "Het Werkteater" op. Se wie dêr aktyf fan 1970 oant 1985. Dêrnei rjochte se de Stichting Strooker op, har eigen toanielselskip ornearre foar lytse teäterproduksjes, wêrmei't se oant 1995 aktyf bleau. By Van den Ende Producties en Het Nationale Toneel regissearre se.[1]
Strooker spile Tante Truus yn de telefyzjerige Tita Tovenaar en hie rollen yn ûnder oare de films Rooie Sien (1975) en Charlotte (1981). Tegearre mei Frans Weisz regissearre se yn 1982 de film Een zwoele zomeravond.
Yn 2011 waard by Strooker de sykte fan Alzheimer fêststeld. Yn 'e mande mei Marja Kok makke se yn 2013 noch in film oer dat ûnderwerp, Mar & Sien - hebben een hele rondvaart gemaakt, dy't yn septimber 2014 yn premiêre gie.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Strooker hie in ferhâlding mei akteur Ton Lensink: sy krigen yn 1963 in dochter, Devika Strooker.[2] Letter wie hja troud mei Peter Faber, mei wa't se twa bern krige. Ien dêrfan is keunstner en akteur Jesse Faber. Fan 1984 oant syn dea yn 2004 wenne se mei Bram Vermeulen.
Shireen Stoker stoar yn 2018 yn de âldens fan 82 jier.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Telefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Tita Tovenaar (1972-1974) - Muoike Truus
Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In kar:
- De minder gelukkige terugkeer van Jozef Katus naar het land van Rembrandt (1966), Wim Verstappen
- Rooie Sien (1975), Frans Weisz
- Charlotte (1981), Frans Weisz
- Opname (1979), Erik van Zuylen en Marja Kok (Sulveren Nipkowskiif yn 1980)
- Een zwoele zomeravond (1982), rezjy mei Frans Weisz
Toaniel (in kar)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Meneer Mazure (1961)
-
Het huis van Bernarda Alba (AVRO, 1963)
-
Oklahoma Motel (1970)
-
Werktheater (1982)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Shireen Strooker fan Wikimedia Commons. |