Sheela na gig
Sheela na gigs (of sheela-na-gigs) binne skulptueren fan neakene froulju dy't pontifikaal harren fulva sjen litte. Sy komme foar op tsjerken, kastielen en ek wolris oare gebouwen, benammen yn Ierlân en Grut Brittanje. Somtiids binne der ek manljusfigueren by ôfbyld. Ien fan de moaist bewarre eksimplaren is te sjen yn de Round Tower yn Rattoo, greefskip Kerry, yn Ierlân. It County Museum yn Tralee hat der in replika fan. In oar ferneamd en geef foarbyld is te finen yn Kilpeck yn Herefordshire.
Ierlân hat it grutste tal bekende sheela na gig-skulptueren, McMahon en Roberts neame 101 foarbylden yn Ierlân en nochris 45 yn Brittanje.[1] Der wurdt tocht dat sokke skulptueren tsjin dea en kwea beskermje moasten.[2][3] Oare soksoarte groteske ôfbylden wurde faak sjoen oan tsjerken yn hiel Europa (bygelyks oan wetterspuiers) en yn it generaal wurdt sein dat sy kweade geasten keare moasten. Sy binne faak oanbrocht boppe doarren en finsters, wierskynlik om dy iepeningen te beskermjen.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jack Roberts, J. Mcmahon: The Sheela-Na-Gigs of Ireland and Britain. Mei listen fan plakken en tekeningen fan Sheela-na-Gigs yn Ierlân en Grut-Brittanje.
- Anthony Weir, James Jerman: Images of Lust: Sexual Carvings on Medieval Churches.
- Ronald Hutton: The Pagan Religions of the Ancient British Isles.
- Eamonn P. Kelly: Sheela-Na-Gigs: Origins and Functions.
- Jørgen Andersen: The Witch on the Wall: Medieval Erotic Sculpture in the British Isles.
- Maureen Concannon: The Sacred Whore, Sheela Goddess of the Celts.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- www.iol.ie
- SheelaNaGig.org – Oersjoch fan Sheela-na-Gigs yn Grut-Brittanje
- Ireland’s Sheela Na Gigs – Wiidweidich oersjoch fan Ierske Sheela-na-Gigs
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|