Springe nei ynhâld

Kilpeck

Ut Wikipedy
Kilpeck
Polityk
Lân Feriene Keninkryk
Distrikt Herefordshire
Regio West Midlands
Sifers
Ynwennertal 200
Oar
Tiidsône (UTC+)
Ruïne fan kastiel Kilpeck

Kilpeck is in doarp yn it bestjoerlike gebiet Herefordshire tsjin de grins mei Wales oan. It plak is ferneamd om syn âlde tsjerke yn de Anglo-Normandyske (romaanske) styl. Yn het Welsk hjit it plakje Llanddewi Cil Peddeg. Oant 1100 hearde Kilpeck by Wales en oant 1131 foel it noch ûnder it bisdom fan Llandaff (Wales)

De tsjerke fan Kilpeck is wijd oan St. Mary en St. David en datearret fan om 1134 hinne. De tsjerke hat bysûndere Romaanske skulptueren dy't ynfloeden út Angelsaksysk Ingelân, Ierlân, Skandinaavje, Frankryk en Spanje sjen litte. De skulptueren binne part fan de lokale Herefordshireskoalle. Oar wurk yn dy styl binne te finen yn Shobdon, Leominster, Stretten Sugwas, Brinsop, Eardisley en Castle Frome.

In oar foarneam gebou yn Kilpeck wie it kastiel dat deun bewesten de tsjerke stie. It is no in ruïne. Faaks wie Hugh fitzWilliam, ek wol Hugh de Kilpeck neamd, ferantwurdlik foar de bou fan kastiel en tsjerke.

  • Thurlby, Malcolm, The Herefordshire School of Sculpture, 1999
  • Bailey, The Parish Church of St. Mary & St. David at Kilpeck, 2000
  • Zarnecki, George, Later English Romanesque Sculpture, 1140-1210, 1953

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]