Springe nei ynhâld

Sex Education

Ut Wikipedy
Sex Education
tillefyzjesearje
makkers
betocht troch Laurie Nunn
produsint Jon Jennings
regisseur(s) Ben Taylor, Kate Herron, Sophie Goodhart, Alice Seabright
muzyk Oli Julian, Ezra Furman
distribúsje Netflix
spilers
haadrollen Asa Butterfield, Emma Mackey, Ncuti Gatwa, Gillian Anderson
skaaimerken
sjenre comedy, drama
seizoenen 4
jierren 11 jannewaris 2019 - 21 septimber 2023
tal ôfl. 32
taal Ingelsk
webside Offisjele webside
IMDb-profyl
Aktrise Gillian Anderson spilet de rol fan seksterapeut. Dr. Jean F. Milburn, de mem fan Otis.

Sex Education is in telefyzjesearje út 2019 fan Netflix mei yn de haadrollen Asa Butterfield, Ncuti Gatwa, Gillian Anderson en Emma Mackey. De searje giet oer de seksuele ûntjouwing fan jeugd op in middelbere skoalle yn Grut-Brittannië.

De searje waard goed ûntfongen; it earste seizoen waard mear as 40 miljoen kear besjoen. Op 17 jannewaris 2020 gie it twadde seizoen yn premjêre. Op 17 septimber 2021 waard it tredde seizoen útbrocht. Netflix makke 25 septimber 2021, in wike nei it útkommen fan seizoen trije, bekend dat der in seizoen fjouwer komt. Op 5 juli 2023 makke Netflix bekend dat dat fjirde en teffens it lêste seizoen op 21 septimber ferskine soe.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Seizoen 1

Op de middelbere skoalle fan de 16-jierrige Otis Milburn behearsket de seksuele ûntjouwing it libben fan it jongfolk. Otis is de soan fan de romtinkende seksterapeute Jean F. Milburn, mar hy hat sels noch gjin ûnderfining mei seks. Syn bêste freon, de swarte, iepenlik homoseksuele Eric, fertelt him op harren earste skoaldei nei de fakânsje dat elkenien yn harren klasse ôfrûne simmer seks hân hat, útsein Otis.

As it ien fan syn skoalgenoaten net slagget om klear te reitsjen ûnder de seks en hy dat by tafal mei Otis dielt, jout Otis presys de goede ried. Troch de ûnderfining dy’t er opdien hat troch jierrenlang de petearen fan syn mem oan te hearren, kin hy dat. Letter seit er dat er de teory behearsket, mar perfoarst gjin praktykûnderfiningen te hawwen.

As de rebelske en ûngemurken yntelliginte Maeve Wiley lucht krijt fan dy goede ried, stelt se Otis foar en run in klinyk foar seksterapy op harren skoalle. De logistyk en de organisaasje binne foar Maeve en Otis is ferantwurdlik foar de konsulten. De winst diele se. Op in feest by rikeljusdochter Aimee besykje Otis en Maeve klanten te finen troch earst fergees advys te jaan. Eric besiket twa famkes te learen hoe 't se fellatio goed útfiere kinne. Wylst se dat op bananen oefenje, begjint ien fan 'e froulju te kokhalzjen. Dêrnei spuie se mekoar hielendal ûnder. Otis slút himsels op yn de baaikeamer mei in stel dat har ferwûne hat doe't se besochten seks te hawwen. Hy jout harren advys fan grutte wearde. It plan om op dy wize klanten te winnen, hat wurke.

Maeve, dy ’t ûntdutsen hat dat se swier is, hat seks mei de kreaze swimkampioen Jackson om har tinzen ôf te lieden; mar hy wol in serieuze relaasje mei har. Mei de holle foardel omdat se swier is, seit se tsjin Otis dat se de seksterapy net trochsette wol. De oare deis sprekke ferskate studinten Otis oan foar advys, dat se jouwe der noch net de brui oan.

Wannear't Otis in wiete dream oer Maeve hat, ejakulearret er foar it earst, wat er foar syn mem Jean ferbergje wol, mar om 'e nocht. Yn de abortusklinyk krijt Maeve te hearren dat it belied is om ophelle te wurden; se freget Otis, dy’t tinkt dat hy in ôfspraakje mei har hat. Nei ôfrin fan de abortus rint Otis mei Maeve nei hûs en sy nodzje mekoar. Yn de perioade dêrnei hawwe Otis en Maeve kontakt fia SMS.

Jackson is op ‘e syk nei wizen om Maeve te freegjen om syn freondinne te wêzen. Hy freget Otis advys en betellet him yn it foar. Sadree’t Otis it jild besiket werom te jaan, jout hy Jackson ûnbewust tips om Maeve beter begripe te kinnen.