Servotel
Servotel | ||
bouwurk | ||
It Servotel yn 2012 | ||
lokaasje | ||
Gemeente | Smellingerlân | |
plak | Drachten | |
adres | Haverstuk 75 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Flatgebou | |
boujier | 1972 | |
arsjitekt | Pieter Rinze Bloemsma | |
oare ynformaasje | ||
tal ferdjippings | 13 | |
kosten | 10 miljoen gûne |
It Servotel is in eardere serviceflat mei in hotel-restaurant anneks fan 13 ferdjippingen yn Drachten, gemeente Smellingerlân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn maaie 1972 waard it Servotel 'Talma' troch KVP-fraksjelieder en wurdfierder folkshúsfêsting Frans Andriessen iepene. Dizze nije foarm fan wenjen wie ornearre foar in sa grut mooglike groep belanghawwenden: pensjonearre echtpearen, pensjonearre ynkomplete húshâldings, wurkjende echtpearen sûnder bern of dêr't de bern al fan út hûs wiene, wurkjende allinnichsteanden, dyjingen dy 't foar har wurksumheden yn Noard-Nederlân in meubilearre appartemint hawwe woene foar in beskate perioade (pensjoengasten) en koartferbliuw hotelgasten of passanten. Dit kombinearre mei in restaurant, eatcounter, bar, bowlingbanen, biljertkeamer, sauna, bank en lytse kantoarromten, makke it Servotel fan wenningbouferiening Talma ta in primeur yn Nederlân.
- De earste jierren
By de iepening wie de besettingsgraad 5 à 6 gesinnen en wiene der sa'n 30 à 40 oanfragen deis. Fan de 60 oanfragen bleaunen der sa'n 8 oer dy 't ek echt kamen. De measte oanfragen (sa'n 80%) kamen út West-Nederlân, benammen út de grutte stêden. Yn de omkriten fan Drachten waard nochal ôfwachtsjend reagearre. Der wiene 130 keamers foar fêste bewenners en 20 keamers foar hotel- of pensjongasten. Op de 13e ferdjipping wiene de hotelkeamers wylst op de 12e ferdjipping de pensjonkeamers ûnderbrocht wiene. Op de 2e oant en mei de 11e ferdjipping wiene de service-apparteminten. De totale boukosten wiene goed 10 miljoen gûne. De doetiidske boargemaster drs. Willem Ernest fan Knobelsdorff lei der by de iepening de klam op dat Smellingerlân him fan syn stimpel 'twadderangs gemeente' ûntdwaan moast. Mei de iepening fan it Servotel wie neffens him wer in goede stap set op it paad dat laat ta erkenning as 'earsteklas gemeente'.
- Jongeren mei in lichte ferstanlike beheining
De serviceflat wie benammen bedoeld foar âlderein, mar sûnt mids 2008 wennen der ek jongeren mei in lichte ferstanlike beheining dy't begelieding nedich hiene. Doe't wenningkorporaasje WoonFriesland (dêr't Talma yn opgien is) en hierder Tjallinga Hiem út Ljouwert in kontrakt tekenen, wisten sy net dat der neffens it oarspronklike bestimmingsplan allinnich âlderen ferbliuwe mochten. Neidat omwenners by de gemeente oan de bel lutsen, ferliende de wethâlder ûntheffing.
- Nijbouplannen
Begjin 2012 waard bekend makke dat it Servotel sloopt wurde soe en ferfongen troch nijbou. Foar de op dat stuit 158 apparteminten soene 40 rommere en lúksere soarchapparteminten weromkomme dy't yn 2016 klear wêze moasten. Soarchoanbieder ZuidOostZorg hierde doe 35 soarchapparteminten yn it Servotel, fan de oare 115 serviceapparteminten fan WoonFriesland stiene der 57 leech. It Servotel soe sloopt wurde om 't it net mear oan de easken fan de tiid foldie. De lytse apparteminten hiene gjin eigen itensiedersgelegenheid en ferâldere badkeamers. Nei fjirtich jier hie it foar de skyline fan Drachten byldbepalende flatgebou (de Tjaardaflats binne noch krekt wat heger) oan de râne fan de wyk De Bouwen gjin oansjen mear.
- minsken mei in psychiatryske yndikaasje
De ea sa lúkse serviceflat drige in spûkgebou te wurden doe't de sloop útsteld waard. Fanwege de kredytkrisis en oerheidsmaatregels hiene WoonFriesland en ZuidOostZorg gjin jild foar nijbou op itselde plak. De ynstellingen wiene al begûn mei it ferhúzjen fan hierders en kliïnten en giene dêrmei troch. Ein 2013 moast de flat leech wêze
Sûnt 2015 wurdt it Servotel wer foar in part bewenne. Foar minsken mei in psychiatryske yndikaasje hiert Soarchgroep Aventura meardere etaazjes foar begelaat wenjen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|