Springe nei ynhâld

Pieter Rinze Bloemsma

Ut Wikipedy
Pieter Rinze Bloemsma
persoanlike bysûnderheden
berne 23 april 1899
berteplak Amsterdam
stoarn 4 jannewaris 1975
stjerplak omkriten Bloemendaal
wurkpaad
berop/amt Arsjitekt
bekendste
  wurk(en)
Westereindflat

Pieter Rinze Bloemsma (Amsterdam, 23 april 1899 - ûnder Bloemendaal, 4 jannewaris 1975) wie in Nederlânske arsjitekt.[1]

Hy wie in soan fan Abele Pieters Bloemsa en Femmigje Rinzes van der Meulen. Hy wie troud mei Dorothea Elisabeth Herpel.[2] It pear wenne lange tiid yn Amsterdam-Súd, mar ferhuze yn 1960 nei Bloemendaal/Overveen.

Hy krige in oplieding ta boukundich tekener en hie foar syn keuring militêre tsjinst (ôfkard) al fjouwer jier keunstniverheidsskoalle (ambachtsskoalle) dien.

Hy hat gebouwen yn hiel Nederlân ûntwurpen, somtiden alline, mar ek yn gearwurking mei oaren. Hy betsjinne him meast fan de boustyl Nije Bouwen. Ut 1940 stamt syn gearwurking mei Justus Hendrik Scheerboom oan de Fokke Simonzstraat 27 -29 yn Amsterdam-Sintrum (gemeentlik monumint).

Yn 1956/1957 arbeide er op mei Gerrit Rietveld oan de Westereinflat, in ryksmonumint. Yn 1958 folge in gearwurking mei Herman Knijtijzer oan it Hotel Slotania, Amsterdam Slotermeerlaan. Ut dy tiid datearret ek in wenning yn Utert dat in gemeentlik monumint is.

Oare gebouwen dy't er ûntwurpen hat binne de Sterflat yn Heerlen, de Via Regia Sterflat yn Maastricht, it Servotel yn Drachten en Haarlem-Hoog yn Haarlim.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: