Springe nei ynhâld

Sergiev Posad

Ut Wikipedy
Sergiev Posad
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Moskou
Sifers
Ynwennertal 96.384 (2022)
Oerflak 50,40 km²
Befolkingstichtens 1.912,38 / km²
Hichte 210 m
Oar
Stifting 1337
Simmertiid (UTC+3)
Koördinaten 56° 18' N 38° 08' E
Webside Side Sergiev Posad

Sergiev Posad (Russysk: Сергиев Посад; fan 1930 oant 1991 Zagorsk) is in stêd yn de oblast Moskou yn Ruslân. De stêd is benammen bekend fanwegen it stauropegiale kleaster fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke, it Trije-ienheid-Sergius Lavra, dat opnommen is yn it wrâlderfgoed fan UNESCO. De stêd makket sûnt 1969 as iennige stêd fan de oblast Moskou diel fan de Gouden Ring fan Ruslân.

Sergiev Posad leit yn it Europeeske part fan Ruslân yn it Sintraal-Russyske Heechlân yn it noardeastlike diel fan it oblast Moskou, op 52 kilometer fan Moskou en 200 kilometer fan Jaroslavl.

Troch de stêd rint de 12 kilometer lange Kontsjoera-rivier. It gebiet is heuvelich en it klimaat sêft kontinentaal.

It Trije-ienheid-Sergius Lavra

Op 22 maart 1782 ûndertekene Katarina II it dekreet dat de doarpen en delsettings yn de omkriten fan it lavra ferienige ta ien plak. De namme komt fan de hillige muonts Sergius fan Radonezj, dy't it Trije-ienheid-Sergius-kleaster stifte hie en wer omhinne letter in posad ûntstie. De stifting fan Sergiev Posad fûn tagelyk plak mei in provinsjale herfoarming fan it Russyske Ryk.

In 1919 waard Sergiev Posad omneamd ta de stêd Sergiev.

It Presidium fan it Sintraal Utfierend Komitee naam op 6 maart 1930 in resolúsje oan om it plak Zagorsk (Загорск) te neamen om dêrmei de revolúsjonêr Vladimir Zagorski te earen, dy't yn 1919 ferstoarn wie.

Zagorsk krige op 23 septimber 1991 de histoaryske namme Sergiev Posad werom. By de eastlike muorre fan it lavra waard yn 2000 troch patriarch Aleksi II in brûnzen monumint foar Sergius fan Radonezj ûntbleate, in wurk fan de byldhouwer Valentin Tsjûcharkin. .

Trije-ienheid-Sergius Lavra

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Trije-ienheid-Sergius Lavra (Троице-Сергиева Лавра) is ien fan de wichtigste religieuse sintra fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke en bestiet út mear as 50 gebouwen. Yn it kleaster skildere Andrej Rûbljov de ikoan fan de Trije-ienheid. Binnen de muorren fan it kleaster waarden eartiids de troanopfolgers doopt. Yn de tiid fan de Streltsy-opskuor yn 1682 socht de doe noch jonge Peter I syn taflecht yn it kleaster.

Ferlosser-Bethaniëkleaster

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik wie it Ferlosser-Bethaniëkleaster (Спасо-Вифанский монастырь) in úthôf fan it lavra, dêr't de bruorren begroeven waarden. Yn it kleaster waard de Transfiguraasjekatedraal boud. It kleaster hie ek in seminaarje. Yn de Sovjet-tiid wie it kleaster sletten en in soad fan syn gebouwen waarden ferboud of hielendal sloopt. Op it stuit (2020) binne se dwaande mei de restauraasje fan it kleaster.

Getsemané Tsjernigovski Skit

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Getsemané Tsjernigovski Skit (Гефсиманский Черниговский cкит) is in hermitaazje fan it lavra en leit 3 kilometer eastlik dêrfan.

  • Boartersguodmuseum (Музей игрушки)
  • Steatsmuseum foar Skiednis en Keunst fan Sergiev Posad (Сергиево-Посадский государственный историко-художественный музей-заповедник)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Сергиев Посад