Sergej Korsakov

Ut Wikipedy
Korsakov yn 1885

Sergej Sergejevitsj Korsakov (Vladimirsk, 22 jannewaris 1854Moskou, 1 maaie 1900) wie in Russysk neuropsychiater.

Sergej Korsakov (Russysk: Сергей Сергеевич Корсаков) studearre medisinen oan de Universiteit fan Moskou wêr't er yn 1875 ôfstudearre. Hy kaam doe te wurkjen yn in psychiatrysk sikehûs. Yn 1887 promovearre er op it proefskrift 'Paralysis alcoholica'. Hy ûndersocht de effekten fan alkohol op it senuwstelsel. Wer letter waard er haad fan de nije psychiatryske universiteitsklinyk wêr't er ek dosearre.

Nei Korsakov is it syndroom fan Korsakov neamd. Ek wie er de man dy't it konsept paranoia fan Emil Kraepelin presizer omskreau.

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In kar:

  • 1890 Eine psychische Störung combiniert mit multipler Neuritis (Psychosis polyneuritica seu Cerebropathia psychica toxaemica)
  • 1890 Ueber eine besondere Form psychischer Störung, combiniert mit multipler Neuritis