Senepol
Appearance
De Senepol is in fleiskoweras dat ûntstien is op it Karibyske eilân St. Croix.
It ras waard foarme troch it krusen fan N'Dama-kij, dy't dêr ein 19e iuw ynfierd waarden út Senegal, mei de Red Poll. Dat barde yn de iere 20e iuw. Yn de Senepol binne eigenskippen fan de N'Dama, sa as wjerstân tsjin hjitte en ynsekten, feriene mei dy fan de Red Poll, sa as guodlikens, goed fleis en in hege molkproduksje. It ras hat gjin hoarnen, hat koart hier en is read, swart as brún fan kleur.