Red poll
Appearance
(Trochferwiisd fan Red Poll)
De red poll ('Read hoarnleas kobist') is in koweras út Ingelân.
It ras ûntstie begjin 19e iuw troch it krusen fan de Norfolk Red en de Suffolk Dun (no beide útstoarn). Red Poll's binne fan harsels sûnder hoarnen (Ingelsk: polled), lykas ek de Suffolk's wiene. Norfolk's hawwe wol hoarnen; it gen foar hoarnleazens is lykwols dominant.
Red Polls hawwe in djipbrún-reade kleur, mar hawwe út en troch in wite sturtplûm en wat wyt oan it jaar. It is in dûbelddoelras, mar sy wurde meast foar it fleis hâlden.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Red Poll fan Wikimedia Commons. |