Springe nei ynhâld

Selma Lagerlöf

Ut Wikipedy
Selma Lagerlof

Selma Ottilia Lovisa Lagerlöf (bûtenpleats Mårbacka, gemeente Sunne (Värmlands län), 20 novimber 1858 – dêre, 16 maart 1940) wie in Sweedsk skriuwster, dy't it meast bekend wurden is troch har berneboek Nils Holgerssons wûnderlike reis.

Yn 1909 ûntfong hja as earste frou yn de wrâld de Nobelpriis foar de Literatuer en yn 1914 waard se lid fan it komitee dat de Nobelpriis foar de Literatuer takend: de Sweedske Akademy.

Sy wenne yn it plak Sunne, dêr't twa hotels nei har ferneamd binne.

Yn har bûten Mårbacka (ûnder Sunne) is no in museum festige.

Sûnt 1991 stiet har portret op it bankbiljet fan 20 Sweedske kroanen.

Kar-út.

  • Gösta Berlings saga (1891)
  • Osynliga länkar (1894)
  • Antikrists mirakler (1897)
  • En herrgårdssägen (1899)
  • Jerusalem (1901-02)
  • Herr Arnes penningar (1904)
  • Kristuslegender (1904)
  • Nils Holgerssons underbara resa genom Sverige (1906-07)
  • Liljecronas hem (1911)
  • Körkarlen (1912)
  • Kejsarn av Portugallien (1914)
  • Troll och Människor (1915)
  • Löwensköldska ringen (1925)
  • Carlotte Löwensköld (1927)
  • Anna Svärd (1928)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]