Springe nei ynhâld

Nils Holgerssons underbara resa genom Sverige

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nils Holgersson)
Nils Holgersson fljocht oer Sweden. Reliëf út hout, Lofthaven Stockholm-Arlanda
Nils Holgersson, stânbyld troch Ralf Borselius in Karlskrona.

Nils Holgerssons underbara resa genom Sverige (útspr. likernôch: "nyls hól-gur-sóns ún-dur-bô-ra rea-sa jea-nûm sfer-juh"; betsjutting: "Nils Holgerssons wûnderbaarlike reis troch Sweden") is in berneboek fan Selma Lagerlöf, oarspronklik útjûn as twa parten, yn 1906 en 1907.

Visby ringmuorre. Plaatsje út it earste part fan Selma Lagerlöfs ierdrykskundich wurk en berneboek Nils Holgerssons prachtige reis troch Sweden (1906).
Ørebro-slot. Ut it twadde part fan Nils Holgersson (1907).

It boek wie oarspronklik skreaun op bestelling fan Svenska Skolbokskomiteen ('de Sweedske Skoalboekkommisje'), as learboek foar Sweedske ierdrykskunde, en it waard earst sjoen as in ûnwichtich part fan it wurk fan de Nobelpriiswinnende auteur.

It boek begjint mei Nils, in boerejonge út Skåne, dy't lyts makke wurdt om't er bisten narret. Op de rêch fan Marten, in wite boeregoes, reizget er mei mei in flecht wylde guozzen, dy't oanfierd wurde troch Akka fan Kebnekaise, en komt sa troch gâns Sweden. Mei-inoar fleane hja oer alle 25 provinsjes fan it lân. (Utsûnderlik is lykwols dat de guozzen net yn Halland komme: Ynstee dêrfan komt Nils in ferhaal yn it sin dat er oer dat gebiet heard hat. It ferhaal wie lykwols net freonlik foar Sigeuners oer, en dat is faaks wêrom de skriuwster it yn lettere ferzjes fuortlitten hat. (Yn oersettings dy fan in iere ferzje fan it boek stamme, lykas de oarspronklike Nederlânske, is it ferhaal lykwols noch wol opnaam.)

It boek lit sjen hoe't Nils stadichwei folwoeksener wurdt. It is lykswols ek in werjefte fan hoe't Sweden fan in agrarysk lân ta in in yndustrylân wurdt. Der binne sa'n 40 oersettings fan it boek nei oare talen. Dat binne gauris ferkoartings, om't gâns it boek, yn twa parten, sa'n 600 siden telt. Der is noch gjin Fryske oersetting, mar der is al in Nederlânske dy't datearret út 1913.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]